Mei in ploech fan 18 frijwilligers – de Tippers – start it simmerskoft 2023. Hja beminskje it havengebou by de iisbaan alle middeis tusken 14.00 o. en 17.00 o. De toerist kin dêr wer ynformaasje opdwaan oer ús doarp, de omkriten, eveneminten, ensfh. Ek binne der wer fyts- en kuierrûtes beskikber en lizze der folders oer musea, attraksjes en nijsgjirrige feiten. Dat alles kin barre yn de moannen juny, july en augustus.
Foar ús doarpsgenoaten ek wakker geskikt. Dat, kom mar del op de Komerk. Omdat it mei de parkearderij op it Komerkterrein noch wolris ‘knypt’, is der besletten om de TIPToko-yngong oan de iisbaankant te dwaan. Dêrfoar hat it Komerksbestjoer de doar dêr fan in nij slot foarsjoen en tastimming jûn om de romte wat oars yn te rjochtsjen.
Tank foar dy reewilligens!
Wol goed om te ûnthâlden is it dat der gjin ‘sitting’ is yn de wike fan it doarpsfeest, want dan moat de feestkommisje yn ‘t havengebou plak ha.
De TipToko-koördinator hat op de middei fan 1 juny mei it ophingjen fan de Tourist ynfo- flagge it seizoen ‘iepene’.
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 maart 2025
EA-Bloeiweek 2025
Let op, eerder is foutief 12 februari als datum van de brainstormsessie genoemd. Dit moet zijn dinsd... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 maart 2025
Skûtsje Ea hast wer klear foar de sylwedstriden
Nei fiif wiken reparaasje en fervjen is it skûtsje op 1 maart wer te wetter litten.No noch it houtwu... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 februari 2025
Eastermar is...