Saterdei 1 juny binne frijwillige Tippers (in wurkgroep ûnder de wjukken fan TIP-Eastermar Promoasje) yn it Komerkgebou mei har aktiviteiten begûn: it wolkom hiten en weiwiis meitsjen fan Eastermarder gasten. Boatsjeminsken, fytsers, kuierders, passanten, sis mar elkenien kin dan middeis fan 14.00 – 17.00 oere yn de TipToko oan 'e weet komme wat der yn en om Eastermar hinne allegear te rêden is.
Der is in kast mei ynformaasje oer gea, kuier- en fytsrûtes, musea yn de omkriten, de lêzers kinne der in boek weihelje of ruilje en wa't it boek noch net út hat nimt it mar mei as 'swalkboek'.
De Tippers wolle eins nóch mear biede: wy wolle graach ferwize kinne nei Eastermarders dy't wat bysûnders by d'ein ha en dat wol sjen/ûnderfine litte wolle ûnder it motto: Leen een Eastermarder. (Yn neifolging fan de provinsjale aksje Leen een Fries.)
De Tippers wolle graach in kaartesysteem opsette dêr't de gast in kar meitsje kin út ferskate aktiviteiten. Wy tinke dan oan bygl. hoe't kij molken wurde; it besjen fan in spesjale samling of hobby; in healoerke basis-Frysk; in doarpskuier; in ferhaal by en oer it Eastermarder skûtsje, neat is te gek.
Om dit allegear mooglik te meitsjen soenen wy fansels wol nammen ha moatte fan Eastermarders dy't dat mei mooglik meitsje wolle. Hoe?
Surf nei https://tip-eastermar.nl/activiteit en folje it formulier yn. It soe geweldich wêze as wy ús gasten in grut ferskaat oan bysûndere saken foarlizze koenen.
Tink der ris oer nei (mar net te lang fansels).
De Tippers fan de TipToko
Mei tank oan de St. Komerk foar it ûnderdak.
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 30 juni 2024
Neigenietsje fan it doarpsfeest
Mei tank oan ús fotografen steane In lytse 600 bylden fan edysje #51 no online. Jo kinne ien en oar... Fierder lêze »