Der is noch plak!
In wykmannich ferlyn ha wy oanjûn dat kommende freed (13/9) de donateurs fan de ‘Stifting It Eastermarder Skûtsje’ in fartocht meitsje kinne op ‘e Burgumer Mar. It rint noch gjin stoarm mei de oanmeldingen, dat wy bringe it nochris ûnder jim oandacht.
Freedtejûn binne belangstellende donateurs om 18.00 oere wolkom op ’t terras fan ‘De Parel’. Wy sille dan om sawat 18.15 oere opstappe en binne +/- 20.30 oere wer oan wâl.
Dyselde dy’t mei wol kin dat it bêste trochjaan oan Wijbe Postma, tel. 0512 471615 of 06 22310712 en op w.postma20@chello.nl kin dat ek.
De waarsferwachting liket goed. In moaie slach oer de Mar op 'it doarp Eastermar' sit der dus wol yn.

ahoy2Bestjoer SIES.