It lêste stiftingsnijs SIES:
-
- Informatie
- 06-03-2024
- Stiftingnijs SIES
Skûtsjejûn SIES 2024
It lêste Skûtsje Ea nijs
-
- Informatie
- 27-03-2024
- Ea Skûtsjenijs
Wedstrydskema Skûtsje Ea 2024
SIES algemien
Jeugd- en donateurssilen doarpsskûtsje op freed 9 septimber
- Kategory: SIES algemien
- Datum 1 toekomstige activiteit: 09 september 2022
Foar de simmerfakânsje ha de skoalferlitters fan ‘De Twirre’ har opjaan kinnen om mei te dwaan oan it jeugdsilen. Dêr is entûsjast op reageard en dus giet dat oan! Dat bart op freed 9 septimber yn ‘e neimiddei. Hja krije útlis fan skipper Geale Tadema oer skiednis en gebrûk fan skûtsjes yn earder tiden en no. It dragen fan in swimfest is ferplichte mar dêr soarget de organisaasje foar. Der wurdt ek fan de meisilers ferwachte dat sy bemanningswurk dogge mei help fan in echt bemanningslid.
De syltocht oer de Burgumer Mar sil rom oardeloere duorje. Oer de starttiid krije de bern berjocht.
Yn de foarjûn fan dyselde freed is der – lykas oare jierren – ek foar donateurs fan de Stifting It Eastermarder Skûtsje gelegenheid om mei te silen op de Mar. Hja krije fan it stiftingsbestjoer berjocht hoe’t men him opjaan kin en hoe let der krekt begûn wurdt. Wichtich is dat it waar yn ‘e gaten hâlden wurdt yn ferbân mei de klean dy’t oan moatte.
Ut namme fan SIES,
Wijbe Postma
- Hits: 711
Donateurs kinne meisile op it Eastermarder skûtsje
- Kategory: SIES algemien
Der is noch plak!
In wykmannich ferlyn ha wy oanjûn dat kommende freed (13/9) de donateurs fan de ‘Stifting It Eastermarder Skûtsje’ in fartocht meitsje kinne op ‘e Burgumer Mar. It rint noch gjin stoarm mei de oanmeldingen, dat wy bringe it nochris ûnder jim oandacht.
Freedtejûn binne belangstellende donateurs om 18.00 oere wolkom op ’t terras fan ‘De Parel’. Wy sille dan om sawat 18.15 oere opstappe en binne +/- 20.30 oere wer oan wâl.
Dyselde dy’t mei wol kin dat it bêste trochjaan oan Wijbe Postma, tel. 0512 471615 of 06 22310712 en op w.postma20@chello.nl kin dat ek.
De waarsferwachting liket goed. In moaie slach oer de Mar op 'it doarp Eastermar' sit der dus wol yn.
Bestjoer SIES.
- Hits: 866
Skûtsje Ea
- Kategory: SIES algemien
Sinds 2007 heeft Eastermar een eigen skûtsje genaamd 'it doarp Eastermar' (zeilteken Ea) en zeilt het in wedstrijdverband mee in de IFKS. Het skûtsje wordt in de vaart gehouden door de familie Tadema (eigenaren), stifting 'it Eastermarder Skûtsje' en een heleboel vrijwilligers en bemanning.
De stichting heeft als doel om het onderhoud en de verbeteringen aan het skûtsje financieel te ondersteunen en verder promotie voor Eastermar in het algemeen en het skûtsje in het bijzonder. Om dit mogelijk te maken heeft de stichting een aantal sponsors en donateurs. Donateurs en sponsors worden op de hoogte gehouden via een nieuwsbrief die twee keer per jaar verschijnt.
Heeft u vragen dan kunt u ons mailen via skutsje@eastermar.nl
U kunt ook op de hoogte blijven via Twitter, ons twitteraccount is @Skutsje_Ea en via Facebook
- Hits: 34101
Bemanning Eastermarder skûtsje
- Kategory: SIES algemien
Staand van links naar rechts: Tammo Oosterhof, Sipke Hogendorp, Hendrik Tadema, Sjoerd Snip, Fokke Lemstra, Ludolf van der Molen, Nynke Zandstra, Hendrik-Wietze de Haan, Berend van der Molen, Iwan Bies en Jack Verzijl.
Gehurkt van links naar rechts: Jan Nijhuis, Anton Snip, Geale Tadema, René Zwering, Sjoukje Tadema en Douwe Tadema.
- Hits: 14369