“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der net nei om djip yn te gean op dy fraach. Dus dan mar fia de doarpshiemside:

der ha har wat tûkelteammen foardien yn de oanrin nei it ljochtsjebarren. Alderearst ha wy te krijen hân mei it winterklear-meitsjen fan ’t skip, koartwei ‘de mêstwiksel’ neamd. Dat barde yn foargeande jierren meast ein oktober op ien saterdei, mar troch it net beskikber hawwen fan it nedige materiaal duorre dat meardere wykeinen oant djip yn novimber. Doe die bliken dat de touwen (yn skûtsjetaal ‘de fallen’) oekedakke wienen en dy binne noadich om de winterferljochting goed te plak te krijen. Doe’t dy wer boppe wetter wienen, sieten wy al yn desimber. '

Mar no hingje de lampkes en it seilteken Ea te plak op ’t skûtsje by de Litsbrêge. Dat is ôfrûne saterdeitemoarn slagge, mei help fan ús ljochtmaster Oebele Brouwer, stiftingsbestjoersleden en frijwilliger Titus Ahrens fan ’t Wâltsje. Omdat ek de enerzjykrisis net oan ‘e 'Stifting It Eastermarder Skûtsje' foarbygiet, is der besletten om de winterferljochting koarter brâne te litten. Net allinnich yn wiken, mar ek yn de tiden fan de dei. It beslút dêroer pakt sa út: de ljochtsjes brâne fan middeis 17.00 oant jûns 22.30 oere en moarns mar ien oere, fan 07.30 oant 8.30 oere. Healwei jannewaris ’23 wurdt de ferljochting wer troch ús ferwidere. 

Der is lykwols op enerzjymêd ek in plus te melden, want troch de ynset fan Douwe Hoeksma fan DRS kinne wy no beskikke oer tige sunige LED-pitten fan 1 Watt. De ‘âlde’ pitten brûkten sa’n 20 Watt, dus dat skeelt in slok op ’n buorrel.

 Ut namme fan it SIES-bestjoer,

Wijbe Postma

 sk1

sk3

sk2

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: