“Waar zijn de schepen” wie eartiids (yn de foarige iuw) in fêste rubryk yn ’e krante. De thúsbliuwers koene dan neigean wêr’t de farrende famyljeleden op ‘t (see-)wetter tahâlden. Foar belangstellende Eastermarders dy’t it doarpsskûtsje folgje komt hjir in lyksoartige melding oer de farbewegingen en ferbliuwsplakken fan ‘it doarp Eastermar’.
De wiken nei de Slach om Heech hat it skip lisplak hân yn Heech. Dêr is op de Hegemer Mar ek in grut tal kearen oefene. Dêrby ha oare skûtsjes in rol spile om as tsjinstanners yn koarte wedstriden te operearjen. Datsoarte oer-en-wer wedstriden binne der ôfrûne saterdei en snein, 15/16 july, ek hâlden op ‘e Sleattemer Mar.
By alle treningen is fearn mei sawol it ‘âlde’ as it nije túch (grutseil en ferskillende fokken). It bliuwt ôftaasten hokker seilkombinaasje it bêste foldwaan sil yn ‘e IFKS-wike. Fansels hinget soks ek fan ‘e wynkrêft en oare waarsomstannichheden ôf. “It komt op de krekte ‘trim’ oan”, meldt skipper Geale Tadema.
De kommende perioade sille der ek noch oefenwedstriden hâlden wurde op ‘e Snitser Mar en kriget ‘it doarp Eastermar’ lisplak yn ‘e omkriten fan Snits/Terherne.
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze »