De wedstriid fan Sleat hat krekt west, mar it is no al wis: ús Eastermarder Skûtsje is dwaande mei in prachtige rige wedstriden yn de IFKS. Wa hie dat Ea tocht ?

Alle reden om - krekt as oare jierren - it skip, de skipper en de bemanning feestlik yn te heljen. Kom dêrom snein om 16.00 oere nei de Komerk by de grutte steiger. Dan kinne jimme sjen litte dat wy allegearre meilibje mei it Eastermarder Skûtsje. Boatbesitters kinne ek de Mar op gean om har temjitte te farren. Nim wol in goeie motor mei, want it skûtsje fart hurd.

Nei ôfrin is der noch in neisit yn Meerzigt. Foar in skaplik pryske kinne jimme dan ek noch meidwaan oan de BBQ. Opjefte dêrfoar kin fia de mail by Meerzigt (info@hotelmeerzigt.nl), mar ek snein nei de yntocht.

it Stiftingsbestjoer

IMG 0006

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: