Hjoed hie it folchskip ‘De Gulden Belofte’ in tal sponsors oan board. It wie de jierlikse sponsordei fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje. Hja belibben in prachtige syldei en seagen in geweldige wedstriid fan ús doarpsskûtsje. It resultaat wie prima: in fjirde p
Ear’t t de wedstriid begûn wie der noch wol in heftich momint foar de taskôgers. Op koarte ôfstân fan it folchskip tearde in skûtsje út ‘e C-klasse om en rekke de bemanning te wetter. Ien fan dizze ûngelokkige drinkelingen krige yn ’t wetter in epileptyske oanfal en waard troch skipper Bertil Vermeulen rap oan board fan ‘De Gulden Belofte’ brocht. Dêr naam Freke Wink de soarchtaak oer. Nei rom oardel oere wie de pasjint wer aardich by syn sûp en stút en koe er selsstannich werom nei syn eigen folk.
Fuort nei de start fan ‘e wedstriid like it der earst op dat de Ea alhiel ôfdutsen waard troch fiif, seis oare skûtsjes en net frij sile koe. Dat pakte by de earste rûning fan ‘e boppeste tonne lykwols hiel oars út. Geale Tadema hie dêr wol in oanfarring mei de ‘Lonneke’, mar der waard gjin protest oanroppen. Doe’t dat trelit achter de rêch wie kaam ‘it doarp Eastermar’ as fjirde út de gribus.
Yn de de twadde en tredde rûte besochten ús jonges de foarlizzende ‘Jonge Jasper’ noch wol yn te heljen, mar dat woe net slagje. Yn ‘e lêste rûte gie ‘it doarp Eastermar’ dik fjouwer minuten earder oer de finish as de konkurrint fan eardere jierren, skipper Jelle Talsma mei ‘Jonge Jan’ (oftewol ‘De Poep’).
It resultaat fan dizze dei op ‘e Lemmer is dat allinnich Walter de Vries (‘Goede Verwachting’), Delmer Los (‘Grutte Pier’) en Sieb Meijer (‘Jonge Jasper’) foar Geale en syn bemanning oer de einstreek gienen. Yn it algemien klassemint klom ‘it doarp Eastermar’ trije plakken en stiet no njoggende. Is it linker rychje noch te besilen? Dat wurdt moarn – ek wer op ‘e Lemmer – fansels mei it bysetten fan alle seilen besocht.
Prachtige bylden op Omrop Fryslân televyzje fan û.o. de Ea.
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 augustus 2022
IFKS 2022: Neipetear
Om healwei fiven sneintemiddei lei it doarpsskûtsje oan op ‘e brêge-ein: de thúshaven. In part fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 7: De Lemmer Finale
De stân yn de top fan it algemien klassemint Klasse A-grut wie sadanich dat de spanning te snijen wi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 augustus 2022
IFKS dei 6: De Lemmer 1
Op folchskip De Gulden Belofte wienen hjoed likernôch 15 sponsors mei byhearrende gasten, dy’t in groe... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze »