De beloofde ferslachjouwing fan de bemanning rint wat speak om't de ynternet- en mailferbining op de Fryske Marren noch wat te winskjen oerlit. Jim moatte it oan no ta even dwaan mei wat jim hjirre yn de 'replay' fan Starum sjen kinne, it skutsjesjoernaal mei de reportaazje fan Starum fan Omrop Fryslân, en mei it 'ooggetuigenverslag' fan it redaksjelid dat moandei op it folchskip meigien is. De foto-reportaazje fan Starum stiet hjirre.
starum_3_8_09

Nei it fertrek út de haven fan it folchskip 'De Gulden Belofte' mei twa skûtsjes as fracht (werûnder fansels It Doarp Eastermar) like it earst in driuw- en dobberfestijn te wurden.

Amper in suchtsje wyn; juster yn 't nijs wie te sjen dat de Snitswike dêr ek lêst fan hie. Mar nei wat ynfarren of eins yndobberjen kaam der dochs wat wyn; neffens Klaas Jansma om't der in bui boppe Enkhuzen ferskynde... It sil wol.
Yn alle gefallen slagge it Geale om in knappe hege startposysje te bemachtigjen. (Is it net krekt as ha'k der ferstân fan?) Dochs wie Eastermar net as ien fan de earsten oer de line en 'we' farre as trettjinde om de earste tonne. It gie better as saterdei mar dat wie ek net sa dreech... En let op: nei it foar-de-wynse rak (jaja...) dêr't de fok der beslist net bêst foar stie (Geale:  ik haw der foto's fan...) pakten se de bakboardtonne en pakten dêrmei in pear plakjes; foaral dyjingen dy't foar de stjoerboardtonne fan de 'gate' keazen. Se skoden wrachtsjes op nei it achtste plakje! Dat gie bêst. En eins bleau it oan de ein ta (dy't wat earder kaam as eins de bedoeling wie) wol aardich gean. Om't de wyn wat ûnberekkenber waard, waard besletten de race yn te koartsjen en blykte ynienen Siebo Sijsling fan Drylts winner te wêzen en wie Eastermar noch mei fiif oare skippen yn de slach. Dêr koenen se spitigernôch gjin winstplakken mear pakke en kaam 'it doarp Eastermar' úteinlik as tsiende oer de streek. Mar om't Jacob Huisman yn de earste omloop ( ho... even yn 'e war mei keatsen, dêr ha'k ek gjin ferstân fan...) even net mear wist hoe't de bakboard-/stjoerboardregeling ek al wer gie by de tonne, en dêrmei Martin Vlasbloem hast de Iselmar út raamde, skoden we ien plakje nei foaren en wie it njoggende plakje foar ús.

Us eigen Eastermarder Klaas Jansma stie op de wâl en seach it sa:

Eastermar eindigde maandag in Stavoren als tiende. Na de start lagen ze bij de bovenste ton in de achterhoede. Bij de tweede doorkomst bij de bovenste boei, lag de 'Ea' na een hele mooie slag om wind te zoeken op een fraaie achtste positie. Helaas konden ze dit niet vasthouden en bij een ingekorte race finishten ze als tiende. Door een protest van Martin Vlasbloem op Jacob Huisman werd Eastermar toch nog negende.

 

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: