De wyn draaide freed, krekt foar de start, 180 graden en foel dêrnei kompleet fuort. Tiid genôch om it grutseil twa kear nei beneden te heljen en de strop en de rakbannen oan te passen. Want mei sa'n âld túch as Eastermar hat, moat men op de feroarings fan it waar ynspylje. Skippen mei nijere tugen hawwe dizze soarch net.
Nei in drege start op it alderlêste plak wie 'it doarp Eastermar' nei ien rûte al twa plakjes opskood. En yn de rin fan de wedstriid soe it noch better wurde en kamen wy als 11e oer de streek. Nei in tawiisd protest waard dat úteinlik it 10e plakje. Spitich dat Eastermar krekt net de 'Los Boys' achter him hâlde koe en Eelke Dijkstra kaam in pear sekonden earder oer de finish. Wie dat net it skip dêr 't Eastermar earder in protest tsjin hie, yn de rin fan de ôfrûne wike? Sportyf ferslaan hie moai west, mar dat slagge dus krekt net. Dochs wie de bemanning tefreden oer it ferrin fan de wedstriid. "Dit giet better!" Spitigernôch is dat nei alle gedachten te let om it plak yn de A-klasse te konsolidearjen mar der is dochs wat wûn dizze wike. En dat binne de talrike learmominten.
Op sneon wurdt der mear wyn ferwachte en men hopet dan it oare túch der opsette te kinnen. Dit túch is foar de simmer oankocht (ek healsliten mar geskikt foar mear wyn) en it soe moai wêze as der noch in kâns komt om mjitte te kinnen hoe't dizze seilen foldogge. Dat betsjut net útsliepe mar wurk oan 'e winkel! Net dat der al wat fan útsliepen kaam is. Eastermar wie de hiele wike it iennige skûtsje yn de A-klasse dat alle moarnen oan it ynsilen west hat.
Wy binne tige benijd hoe't it sneon op Lemmer 2 gean sil.
In taskôger op it folchskip 'Gulden Belofte'
Eelke Dykstra (it skip achter de Ea) giet justjes earder oer de finishline
-
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2023
Skûtsje Ea weer klaar voor de winter
Zaterdag 28 oktober was het weer tijd voor de jaarlijkse mastwisseling. De wedstrijdmast er af en ond... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2023
Cheque Rabo Clubsupport foar SIES
Tige tank dat jimme op ús stimd hawwe! Bestjoer SIES Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »