De Tsjûkemar. Altyd in apart wetter west. Rûzich, grut en de wyn kin fan alle kanten komme. Hjoed ek wer. Wis, ferline jier wie oars: sân minuten foar de nûmer 2 binnen en 'feest' yn Ychten. Hjoed, tusken al dy A-skippen, hienen wy in geweldige start. Oer bakboard by de heechste tonne. Op it twadde of tredde plakje. En dan komt Peter de Koe oer stjoerboard oankeilen en ramt syn skip dwers tsjin dat fan ús oan. Klets!
Dan lizze jo stil; wy klapten wer tsjin twa oare skippen oan en de gong wie der folslein út. Tsja, dan is de reade protestflagge logysk. En dan is it noch in wûnder dat wy as 10e by de heechste tonne binne.
Dêrnei hawwe wy eins net min syld. Moaie rakken en sels op in seisde plakje by de lege tonne. Mar de wyn wie sa flagerich. Wy sakken der wat út yn it twadde rak, kamen foar de wyn hiel moai werom. Mar it lêste krúsrak sit altyd wat tsjin.
En dan by de finish. Wy lizze 12e, mar flak foar ús ropt de skipper fan de 'Oude Zeug' dat hy gjin rûmte hat by de wâl en dat wy draaie moatte. Wâl? Dy is 200 meter fierder! En fuortendaliks set er syn skip op dat fan ús. Wer in klap en no oan stjoerboard. Tsja, wer in protest tsjin him, want wat hy docht kin echt net. Wy wurde nei dit gedonder 15e, mar hawwe goeie moed foar de protestkommisje. Wêr't wy leaver net komme wolle, want wy Eastermarders binne silers en gjin protestearders. Mar as it moat...
By de kommisje ferlieze wy it protest wylst Peter de Koe tajout dat er mis wie mar dat er al in strafrûntsje draaid hat. Dêr kinne wy noch ynkomme. Mar de 'Oude Zeug' liicht as er seit dat er net troch de wyn gong, dat er ús net oanroppen hat en dat der sels gjin oanfarring wie... En de skea dan dy't wy ha? Mar wat noch folle minder is: hy hat in kommisjelid fan de IFKS meinommen as tsjûge. Lige yn kommisje. Ek dat protest ferlieze wy. Dat stekt noch mear as sile by de lêsten.
Bêste minsken: noch twa dagen op 'e Lemmer. Wy geane derfoar, hja binne noch net fan ús ôf! Kommend jier yn de B-klasse, dat is no wol dúdlik. Mar dan binne wy der wer en hooplik al dy supporters út Eastermar. Klasse!!!
No sille wy de jierdei fan de skipper fan it folchskip fiere.
Tsjoch!
Oebele
-
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2023
Skûtsje Ea weer klaar voor de winter
Zaterdag 28 oktober was het weer tijd voor de jaarlijkse mastwisseling. De wedstrijdmast er af en ond... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2023
Cheque Rabo Clubsupport foar SIES
Tige tank dat jimme op ús stimd hawwe! Bestjoer SIES Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »