De lêste wiken is der in soad bard mei ús skûtsje 'it doarp Eastermar'. Nei de prachtige silerij op de Burgumer Mar, mei wat mindere resultaten, mar dêrnei wisten wy wol wat wy feroarje moasten, hawwe wy ferskate kearen oefene. Earst op de Burgumer Mar en de lêste wiken op woansdei en snein op de Snitser en de Hegemer Mar.
Djipper wetter en oare skippen om ús mei te mjitten.
De nije mêst foldocht poerbêst, mar it hat wol tiid naam om dy goed út te trimmen: alles moast wer op 'e nij yn balâns brocht wurde. Dat is no klear. En nei 13 juny wie dúdlik dat de fok te lyts wie foar de nije mêst. Derom hawwe wy fan it SKS-skûtsje fan de Jouwer in pear-jier-âlde moaiwaarfok kocht. Grutter en boller as ús âlde. Dernjonken hawwe wy fan harren ek noch in pracht minwaar-túch kocht. Net lytser mar wol flakker en dêrom poergeskikt om in soad wyn te fersjouwen. Wy koenen al wynkrêft 6 oan!
As lêste hawwe wy it skûtsje noch út it wetter helle om it flak (ûnderwetterskip) skjin en glêd te krijen.
No binne wy klear foar de earste wedstriid yn Hylpen, op saterdei 1 augustus. Folgje ús fan de wâl ôf, fia Klaas Jansma of ... fia de webside.
Oebele (skoateman)
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze »