Fannemiddei hat ús skûtsje wer lisplak fûn yn ‘e thúshaven. Under belangstelling fan sa'n twahûndert Eastermarders en oare sympatisanten fear skipper Geale Tadema de Lits oer nei de steiger (dy't troch havenmaster Albert Kieft foar dit doel apart reservearre wie) oan ‘e Komerk.
‘De Broekophâlders' ferwolkommen skip en bemanning mei passende lieten. Ut namme fan ‘e Stifting ‘It Eastermarder Skûtsje' spruts foarsitter Wijbe Postma in wolkomstwurd. Dêrby helle hy oan dat de degradaasje út de A-klasse fansels spitich is, mar dat dizze wedstriidwike ek genôch learsume mominten hân hie dêr't bemanning én Stifting foar it kommende winterskoft har foardiel mei dwaan kinne. Skipper Geale Tadema rûn yn syn tankwurd de ôfrûne wedstriidwike noch efkes nei en seach yn de opdiene ûnderfinings wol perspektyf foar it folgjend jier. Dat der, nettsjinsteande it wedstriidresultaat, safolle minsken by dizze oankomst har belutsenens by it skûtsje toanden, jout oan dat de doarpsgenoaten noch altiten waarmrinne foar wjerfarren fan ‘it doarp Eastermar'. Ek it manmachtich besochte, osa gesellige en tige goed fersoarge ‘Neipetear' by Meerzigt is in bewiis dat in soad minsken hiel wat op ha mei ús doarpsskûtsje.
Klik hier voor de fotoreportage
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze »