It sil de measte Eastermarders en oare passanten al wol opfallen wêze dat der wat mist as hja fan Sumar ôf de brêge oer ride: it doarpsskûtsje is fuort. De oarsaak fan dit feroare doarpsoansjen is it sylevenemint Lemmer Ahoy.
Rom twa wike ferlyn ha de eigenaren it lisplak oan ‘e brêge-ein ferlitten. Yn it wykein dêrnei en op in troch-de-wykse jûn ha skipper en bemanning wakker oan ’t oefenjen west om har ta te rieden op it kommende wedstriidseizoen. Dat moast ek omdat troch omstannichheden net meidien wurde koe oan de iepeningswedstriden by Langwar.
De ploech sil de kommende dagen – Himelfeartsdei, de freed en saterdei dêrnei – by Lemmer besykje in sa goed mooglik resultaat te beheljen. De wedstriden wurde fansels hâlden yn ‘e Lemster Baai en de dielnimmers komme sawol út de IFKS as de SKS. Der wurdt syld yn trije klassen, t.w. skûtsjes koarter as 17,10 meter, skûtsjes langer as 17.10 mt. en SKS-skûtsjes + IFKS-skûtsjes út de A-klasse. ‘It doarp Eastermar’ docht mei yn ‘e lêstneamde klasse. As de waarsomstannichheden it talitte begjinne de wedstriden om 10.30 o. en it kin wêze dat der op ien dei meardere wedstriden fersyld wurde. Ek dat lêste hinget wer fan it waar ôf.
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze »