Kommende saterdei giet it los!
Dan wurdt de earste wedstriid fan ‘e Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) hâlden by Hylpen. Ut de rûnten fan ús doarpsskûtsje wurdt heard dat
skipper en bemanning der fisyk en mentaal op klear binne. Nei Hylpen folgje oare wike noch seis wedstriden: Starum (moandei), Heech (tiisdei), Sleat (woansdei), Ychtenbrêge (tongersdei) en op ‘e Lemmer twa kear (freed en saterdei). Wy binne osa benijd hoe’t ús ploech it derfan ôfbringt…
Wy hoopje op in moaie sylwike!
Der binne grif Eastermarders dy’t de wedstriden bywenje wolle. Dy kinne dat fansels fan wâl of dyk ôf besjen. Doarpsgenoaten mei in boat farre nei it wedstriidwetter en folgje de wedstriden fan wat tichterby.
Der is lykwols ek gelegenheid om op it folchskip de aksjes fan skipper Geale Tadema c.s. te besjen. Dat folchskip is ‘De Gulden Belofte’ fan skipper Bertil Vermeulen en dêr wurde jo tsjin in lytse fergoeding let en set. Dat is op alle dagen mooglik, útsein de tongersdeis (Ychtenbrêge) en freeds (Lemmer 1). By Ychtenbrêge kin it net omdat it folchskip net ûnder de sneldyk troch kin om op ‘e Tsjûkemar te kommen en de freeds is ‘De Gulden Belofte’ besteld foar de haad- en subsponsors fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES).
Wa't graach sa’n dei op ’t folchskip meimeitsje wol, kin de jûn foardat men komme wol, skilje mei Hindrik Tadema. Dy is te berikken op 06 25530624.
Hy bringt de belanghawwenden dan op ‘e hichte fan opstaptiid en –plak.
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »