Mei help fan de kraan fan Leanbedriuw Veenstra, bestjoerd troch Sjouke Veenstra sels, hat in part fan de skûtsjebemanning saterdeitemoarn de mêstwiksel útfierd. It wie net in noflik kerwei, want der stie in straffe noardewyn en der siet aardich kjeld yn: “Strûpstjerrende kâld”, wie ien fan ‘e brûkte waarkwalifikaasjes.
Foardat it ta wie oan ‘e feitlike wiksel fan ’e ‘wintermêst’ (dy’t brûkt wurdt foar de sfearfolle ferlochting yn ‘e tsjustere moannen) mei de wedstriidmêst fan in lytse 20 meter, moast dy lêste earst út de loads fan Okkema Ynstallaasjes helle wurde. Dat ‘transport exceptionelle’ fûn plak mei de spesjaal dêrfoar makke karre en gie troch de buorren. De bocht tusken ’t Breed en Snakkerbuorren koe krekt helle wurde mei dizze lange mêst…
It omsetten fan ‘e mêst barde net spesjaal foar in eventuele silerij dizze simmer. Nee, de wedstriidmêst moast pleatst wurde omdat de nije midwaarfok ynmetten wurde moat. En… as der dochs syld wurde kin, is dit wurk mar fêst dien. Ek waard de oanwêzichheid fan ‘e Veenstra-kraan brûkt om de lierekast wer op ’t skûtsje te setten.
Nei in bak kofje en spesjaal troch Sees Tadema bakte peaskehazzekoeken - mei nútsje! - koe de wintermêst op ‘e karre en foar opslach en ûnderhâld nei Okkema’s loads riden wurde. Mei it útsprekken fan ‘e hoop dat der dit jier wól IFKS-wedstriden syld wurde kinne, gie de ploech wer op hûs oan.
Mêstwiksel Skûtsje Ea





-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »