De stân yn de top fan it algemien klassemint Klasse A-grut wie sadanich dat de spanning te snijen wie. Want wannear wie it earder fertoand dat der tusken de nûmers 1 en 3 minder as trije punten ferskil wie? Op in bytsje grutter ôfstân fan dy top 3 stie ús doarpsskûtsje op in 4e plak. Der wie noch stille hoop op it beheljen fan in poadiumplak yn ‘e einklassearring, mar dan moast der hjoed wûn wurde en de top-trije skippers fier achter ús ploech einigje.
De start fan ‘e grutte A-skûtsjes moast mear as in oere wachtsje op wat wyn. De driging fan it folslein ôfblazen fan ‘e finalesilerij hat ek boppe de Lemster baai hongen, mar koe om kertier foar fjouweren mei it startskot ferdwine.
By de earste rûning fan ‘e boppetonne lei it doarp Eastermar op in 6e plak. Fierder yn ‘e wedstriid wienen de posysjes 5 en 7 syn diel. Uteinliks finishte it Ea-skûtsje dochs op in 6e plak. De kampioen fan dit jier, Sterke Jerke (Pieter Jilles Tjoelker/Earnewâld), makke syn kampioenskip folslein wier troch fier foar de oare skippen as earste oer de finish te farren. In lokwinsk fan de Eastermarders op de wâl wie syn beleanning.
Mar ek it doarp Eastermar fertsjinnet in grut komplimint foar it behelle 4e plak yn ‘e einklassearring: proficiat!!! Dêrby moat perfoarst ek neamd wurde dat dit resultaat mei te tankjen is oan de ynset fan meardere groepen om it doarpsskûtsje hinne. Harren stipe yn ‘e foarm fan in sponsorbydrage, in donateurskip, in praktyske hânrikking is fan ûnskatbere wearde. Hulde oan al dizze lju.
In spesjaal wurd fan tank foar har wurk yn dizze sylwike moat gean nei de helpers op it folchskip. Dy minsken ha hiel ticht by de silers stien en sa mei soarge dat hja dizze prestaasje leverje koenen. Mei rjocht kinne hja de earetitel GOUDPLOECH krije.
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze »