Mei as taskôgers in grutte ploech Eastermarders op ‘e dyk en in fiks tal sponsors op ’t folchskip waard der ûnder prima omstannichheden – moaie wynkrêft 3 à 4 en sinneskyn waar – de foarlêste wedstriid yn ‘e Lemster baai fersyld. In wedstriid dy’t benammen foar de skippers achter de foarste trije en yn ‘e ‘sturt’ fan ‘e float spannend wie. Mar fansels wie foar ús it farren fan it doarpsskûtsje nei in 6e plak it wichtichst.
Skipper Geale Tadema keas, krektlyk as juster op ‘e Tsjûkemar, foar in startposysje boppe-yn it fjild. Mei de kar foar in lichtwaarfok pakte dat hiel bêst út yn ‘e earste rûte nei de boppeste tonne. Achter ‘Emanuel’ ((Merijn Olsthoorn) en ‘Lytse Lies’ (Tony Brundel) waard dy tonne as tredde besyld. Dat like mar bêst en by de supporters naam de ferwachting op wer in topklassearring, lykas juster, fêstere foarm oan.
Hoe oars soe it rinne...
Yn de folgjende twa rûtes waard der – mei troch skiftsjen fan ‘e wyn – in ynskattingsflater makke en kaam ‘it doarp Eastermar’ op in 8e plak by de ûnderste tonne. In bewiis dat sa’n misse set yn dizze A-klasse ûnferbidlik ôfstraft wurdt.
Doe die bliken dat der in sûne wedstriidmentaliteit en striidlust by de bemanning fan ús skûtsje oanwêzich is: yn de folgjend twa rûtes hellen hja twa konkurrinten yn en finishten op it 6e plak. De winner fan dizze earste Lemster silerij wie ‘Lytse Lies’ fan skipper Tony Brundel.
Nei ’t de supporters op ‘e dyk betanke wienen foar har oanwêzichheid en entûsjaste oanmoediging, krigen skipper en bemanning by oankomst by it folchskip fan ‘e sponsors grut applaus. In terjochte hulde, want mei dizze dei-útslach is in 6e plak yn ’t algemien klassemint behelle. Moarn wer op ‘e Lemmer en hooplik mei lyksoartich waar. En mei wer in goede útslach.
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze »