Op folchskip De Gulden Belofte wienen hjoed likernôch 15 sponsors mei byhearrende gasten, dy’t in groep fan sa’n 40 persoanen foarmen. Ek oanwêzich wie gastsprekker Harmen Brouwer, skipper fan de Jonge Jan, it Langwarder SKS-skûtsje. Wylst de besiters oan ‘e lunsj sieten fertelde Harmen hoe’t er yn ‘e SKS-silerij telâne kaam wie en hoe’t er skipper fan de Jonge Jan – foar Eastermarders fanâlds bekend as De Poep – wurden is. Middeis joech hy entûsjast kommintaar op de A-klassewedstriid en beantwurde fragen fan ‘e oanwêzigen.
Bysûnder wie dat de start dizze middei yn ien kear goed wie en foar it doarp Eastermar ek in goed begjin joech, want it skûtsje kaam yn dy earste rûte as fyfde om ‘e boppetonne. Yn it folgjende foar-de-wynse-rak skode ús doarpsskûtsje noch in plak nei foaren: 4e plak. It krúsrak fan ‘e twadde rûte pakte wat minder út en dus wer as fyfde om de boppetonne. By de fjouwer foaroplizzende skûtsjes wie eins mar ien, Redbad (Wietse Bandstra/ Warkum), dy’t foar skipper Geale en syn bemanning as in konkurrint foar it algemien klassemint sjoen waard.
By de rûning fan ‘e ûnderste tonne die it doarp Eastermar in prima slach en sylde wer in plak nei foaren ten koste fan Eeltje Baas (Klaas Kuperus/Makkum), sadat op in fjirde plak finisht wurde koe. Earste waard Eelkje II (Jeroen de Vos/Heech). Under applaus fan de sponsors lei it Ea-skûtsje oan by it folchskip en krigen skipper en bemanningsleden skouderklopkes foar de prima silerij en it einresultaat.
Ien kear te plak yn ‘e Lemster haven koe weromsjoen wurde op in tige slagge sponsor- en syldei. Der sil by Lemmer 2 hiel goed syld wurde moatte om fan it 4e plak yn ’t algemien klassemint noch in poadiumplak te meitsjen, mar… neat is ûnmooglik!
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 maart 2023
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 11 december 2022
Winterferljochting Ea-skûtsje
“Komt it skûtsje noch yn ’t ljocht?”, waard my troch in doarpsgenoat frege. Plak en tiid wienen der... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 november 2022
Skûtsjewijnactie 2022
Wij zijn erg blij dat onze dorpssuper ook dit jaar weer zijn medewerking wil verlenen aan onze wijna... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 september 2022
Ea-skûtsje fart mei jeugd en donateurs
De 14 bern dy’t freedtemiddei 9 septimber ll. by de brêge-ein oan board stapten, wienen wakker nijsg... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze »