Hjoed stie der opnij in moai koeltsje. De foarsizzing wie dat der in konstante wynkrêft 3 oant 4 stean soe. Uteinlik die bliken dat de wyn skifte. Yn ‘e lytse a-klasse wipte 200 meter nei de start al in skûtsje om.
‘It doarp Eastermar’ keas as startposysje foar de leechste tonne oer bakboard. Nei in lange slach oer bakboard, koe it skûtsje yn ien kear oer stjoerboard nei de boppeste tonne. Mar om’t bakboard foar stjoerboard giet wie it lestich in plakje te finen. Eastermar kaam nei in prachtige draai nei bakboard as sechsde om de tonne.
Hjoed waard der in Olympyske baan syld. Dat betsjut dat der nei it krúsrak twa healewynse krúsrakken syld wurde moatte. Yn it twadde healewynse rak koe ús doarpsskûtsje in plakje opskowe te'n koste fan ‘De Twee Gebroeders’ (Arend Wisse de Boer). Nei de ûnderwynse tonne hie ‘it doarp Eastermar’ in soad lêst fan ‘e smoarge wyn fan ‘e skippen dy’t foarop leinen. Dêrom keas Geale Tadema derfoar om in slachje it fjild yn de meitsjen. Dit bliek achterôf net in goeie set te wêzen en ús doarpsskûtsje moast ‘Jonge Jan’ (Jelle Talsma) en Arend Wisse de Boer foargean litte.
Yn it twadde folsleine krúsrak rûn ús skûtsje rap yn op Jelle Talsma en Arend Wisse de Boer. Dizze beide keazen foar in slach it fjild yn, wylst ‘it doarp Eastermar’ in lange stjoerboardslach makke. Op it momint fan draaien nei bakboard die al bliken dat de Eastermarders yn dit slachje al in grutte foarsprong op de nûmers 6 en 7 hiene. Us skûtsje koe hiel heech oan de wyn sile wêrtroch't der minder meters syld hoegden te wurden. Yn it slachje oer bakboard nei de heechste tonne soarge in simmertwirre derfoar dat ús mannen en froulju noch flink oan ‘e bak moasten om it skip oerein te hâlden. Sels skipper Geale Tadema krige wiete fuotten!
By de boppeste tonne koe ‘it doarp Eastermar’ oanslute by de kopgroep. De ‘Ut en Thús’ (Henk Regts) lei in ein foarop, mar Michiel Kalsbeek (‘Raerder Roek’), Jeroen de Vos (‘Eelkje II’) en Sikke Heerschop (‘Wylde Wytse’) leinen flakby ús skûtsje. In teken dat it doarpsskûtsje hurd rint en ek ynrinne kin op de rest fan ‘e float. Spitigernôch wie de wedstriid net lang genôch om noch mear plakjes op te skowen en kamen de Eastermarders as 5e oer de finish. Uteinlik die it skûtsje hiel goeie saken foar it klassemint. Nei dizze wedstriid leit de striid om de titel noch folslein iepen. S.T. & A.B.
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »