It geduld fan de Eastermarder supporters by it gemaal oan ‘e Tsjûkemar waard bot op ‘e proef steld. Doe’t der nei twa kear startútstel – te min wyn – dochs syld wurde koe, kaam der in resultaat út ‘e bus dat it wachtsjen dûbel en dwers wurdich wie: in 3e plak foar ‘it doarp Eastermar’.
Miskien dat it lange wachtsjen op it startskot de manlju en froulju oan board fan ús skûtsje ekstra motivearre, want daliks yn ’t earste krúsrek sylden hja al nei in 6e plak. Nei it nimmen fan ‘e boppeste tonne en ‘spreader’, der moast in op-en-del rûte ôflein wurde mei in ‘gate’, rûn skipper Geale Tadema foar de wyn twa skûtsjes foarby en besylde in 4e plak.
Yn ‘e twadde rûte hellen ‘wy’ noch in skip yn en gie ‘it doarp Eastermar as 3e om ‘e boppeste tonne. Oer foarútsilen sprutsen... Dit moaie plak bleau de folgjende rûtes behâlden!
Achter ‘Emanuel’ (Merijn van Olsthoorn) en ‘It Swarte Wief’ (Jaap Hofstee) oan om miskien noch in twadde posysje te feroverjen, begûnen de Eastermarders oan it lêste krúsrek. Se moasten achter har ek goed de nûmer 4, ‘De Zes Gebroeders’ (Klaas Kuperus), yn ‘e gaten hâlde, want dy woe har foarby. Troch oanfallend op de nûmer 2 en ferdigenjend op de nûmer 4 te silen waard dizze lêste rûte nei de finish wakker spannend foar silers en taskôgers. Uteinlik hâlden ús doarpsgenoaten har 3e plak. Super!
“Dit skriuwt wol in stik lichter, tink?” In opmerking dy’t jim doarpsside-ferslachjouwer fan ien fan ‘e Eastermarder supporters te hearren krige. En hja hat folslein gelyk! De stikjeskriuwer hopet moarn wer sa’n posityf ferhaal oanbiede te kinnen. Fral omdat ‘it doarp Eastermar’ yn ’t algemien klassemint no op ‘t 8e plak stiet: yn it linker rychje! Dát moarn fêsthâlde op ‘e Lemmer, want dan sille de sponsors op ’t folchskip de wedstriid yn ‘e baai folgje.
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze »