Wachtsje, wachtsje en dan der plat foar
Foar de Ychtenerbrêchster organisaasje wie it fannemiddei neilbiten. Wylst op ‘e Snitser Mar alle silerij ôfblaasd waard, moast op ‘e Tsjûkemar wachte wurde op wyn, moast de op-en-del-baan omgoaid wurde nei in trijehoek en koe úteinlik om kertier oer trijen it startskot lost wurde. By dy start keas skipper Geale Tadema mei syn ploech foar in stjoerboardslach dy’t fierderop yn it krúsrek net geunstich útpakte.
Wylst ‘Raerder Roek’, folge troch ‘Jonge Jasper’, ‘Eelkje II’ en ‘De Jonge Jan’ der daliks al útrûnen, moast ús doarpsskûtsje in pear kear troch de wyn en rekke sa op it 14e plak om de boppeste tonne. Ynhelje wie dus hjoed wer it boadskip! It soe in swiere opdracht wurde mei alle grutte nammen foar har. Benammen ek om't der dochs noch in behoarlike pôle wyn stie (5 bft!)
Yn ‘e foarein wie der in heftige konfrontaasje tusken ‘Eelkje II’ en ‘Raerder Roek’. Dêrby luts ‘Eelkje II’ oan it koartste ein en ferlear ‘Raerder Roek’ de kopposysje. In oare topper yn ’t klassemint, ‘Emanuel’, hie ek net sa’n bêste start hân en siet ‘It doarp Eastermar’ op ‘e kont. Yn it ferrin fan dizze wedstriid striden dizze beide skûtsjes om de plakken 10 en 11.
Nei fjouwer rûtes moast ‘Emanuel’ úteinlik yn ‘It doarp Eastermar’ syn meardere erkenne en kaam skipper Geale mei syn bemanning as nûmer 10 oer de finish. De winner fan hjoed wie, lykas juster, ‘Jonge Jasper’.
Moarn ûntfangt de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) by de wedstriid op ‘e Lemmer de sponsors op it folchskip ‘De Gulden Belofte’.
It hin-en-wer-gesleep fannemiddei mei tonnen komt net faak foar...
De start
Achteryn waard fochten om it ferlies te beheinen
Mei it 'Swarte Wief'
Foar-de-wyns rek
De finish
Binne jo al donateur? Stjoer in mailtsje nei skutsje@eastermar.nl en wy nimme kontakt mei jo op. Jo krije dan û.o. nijsbrieven, útnûgings foar donateursilen en in gesellige donateursjûn. Jo kinne donateur wurde foar € 15,- jiers , mar mear mei ek fansels!
Tekst: Wijbe Postma
Foto's: Klaas Jansma/Eastermar
-
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 augustus 2023
IFKS 2023 dei 5: Ychtenbrêge
Wol starte mar gjin wedstriid Der wie tongersdeitemiddei daliks al twivel oer it trochgean fan de we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze »