Information
Publisearre: 07 augustus 2014 | Kategory: Ea Skûtsjenijs
IFKS ferslach skûtsjesilen

IFKS dei 5: Ychtenbrêge

DSC07892

Yn Ychtenbrêge in 5e plak!

De wedstriidkommisje fan Ychtenbrêge hie op 'e Tsjûkemar in wedstriidwetter útlein mei in op-en-del-baan mei in 'gate' (twa tonnen dy't de mooglikheid jouwe om in bakboard- of stjoerboardrûte te kiezen) en in boppeste tonne mei 'spreader' (in boei dy't tefolle gedrang by dy boppeste tonne tefoaren komme moat). Dat soks syn útfallen ha kin die hjoed by de dielnimmende skûtsjes wol bliken.

DSC07898

'It doarp Eastermar' keas daliks nei de start foar in bakboardslach op nei de boppeste tonne. Dat krúsrak pakte goed út want ús doarpsgenoaten kamen as 2e - nei 'De Drie Gebroeders' (Arend Wisse de Boer) - om dy boei hinne. Oft der by dy aksje of earder al wat barde dat reglemintêr net doocht wie foar de taskôger net goed te sjen, mar feit is dat skipper Geale Tadema in protestflagge yn 't want hie. Tsjin Sikke Heerschop ('Wylde Wytse')? Oft dat protest hanthavene is oant nei de finish, is ús no ek noch net bekend.

DSC07920

Yn de folgjende rûtes koe it twadde plak net fêsthâlden wurde en sa sakken Geale en syn bemanning stadichwei nei in 6e plak. Sterk silen fan 'e konkurrinsje besteande út Michiel Kalsbeek ('Raerder Roek'), Sikke Heerschop ('Wylde Wytse'), Jeroen de Vos ('Eelkje II') en Froukje Meijer ('Jonge Jasper'), wie dêr mei de oarsaak fan.

DSC07927

Sa waard ús ploech as 6e by de finish ôfsketten en nimme hja it 5e plak yn 't algemien klassemint yn. Mocht it earderneamde protest trochset wurde en geunstich útfalle dan sit der miskien noch in hegere deiklassearring yn.

Laatste nieuws: Wij hadden een protest tegen Sikke Heerschop/Wylde Wytse en dat is gewonnen. Daardoor zijn we niet 6e maar 5e geworden! In het totaalklassement bezetten we nu een gedeelde 4e plaats. De gecorrigeerde uitslag staat onderaan.

DSC07928

uitslag na protest gewonnen van sikke

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!