Hjoed de fjirde wedstriid fan de IFKS op ‘e Sleattemer Mar. Us mannen en froulju hiene te krijen mei hurde wyn, 4 oant 5 Bft. By de earste start siet it skûtsje der goed by, mar om’t mear as 3 skûtsjes te betiid by de start wiene, waard it in algehiele falske start. By de twadde kear like de start ynearsten wat minder te gean, mar om’t sawol de skûtsjes boppe (Tony Brundel) as ûnder (Robert de Jong) Eastermar falsk wiene, kamen wy dochs goed út de startblokken.
Eastermar kaam as earste om de boppeste tonne nei in lange bakboardslach út de start. De rûte dy't hjoed syld waard, wie in op-en-del baan (gate). Alle skûtsjes kinne dan nei it foardewynse rak kieze út twa ûnderste tonnen. Dit betsjut yn ’e regel dat it fjild wat mear ynelkoar driuwt. ‘It doarp Eastermar’ hie hjir ek mei te krijen. Nei in foutsje yn it foardewynse rak moasten de Eastermarders Sikke Heerschop al gau foargean litte. Hy rûn ek justjes heger as ús skûtsje.
It lêste krúsrak nei de finish makke Jelle Talsma in oare slach. Wylst ús skûtsje opnij in lange bakboardslach makke, keas Jelle Talsma foar in slach oer de mar. Geale keas derfoar om ferdigenjend op Henk Regts en Jeroen de Vos te silen. Talsma krige de wyn in stik better en koe it twadde plakje feilich stelle. Us skûtsje kaam as tredde oer de finish. In prachtich resultaat. Foar de tredde kear op rige wisten de Eastermarders in poadiumplak te beheljen. S.T. & A.B.
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze »