Hjoed wie net de earste klap in daalder wurdich, mar de lêste. Troch yn ‘e lêste rûte te kiezen foar in stjoerboardslach út ‘e ‘gate’ wei en dêrnei oer bakboard op ‘e finish oan te silen, joech skipper Geale Tadema de konkurrinsje by de einstreek in fikse tik.

De wedstriid begûn eins op deselde wize as juster: fertraging fanwege te min wyn. Doe’t der, rom in oere te let, mei wat mear wyn dochs start wurde koe, hie ‘it doarp Eastermar’ in superstart en lei der hiel bêst foar, mar… de wyn foel wei en de silerij waard ôfbrutsen.

In lyts healoere letter waard it wer besocht en doe starte ús doarpsskûtsje ek ridlik geunstich, mar net sa moai as de earste kear dy middei. De Ea kaam yn ‘e rin fan dizze wedstriid hieltiten as njoggende of tsiende om de ferskillende tonnen. By it besilen fan de rûtes spile it eilân yn ‘e Hegemer Mar in wichtige rol by de wynskiftingen. Dochs rûn it skip mei ús ‘jonges’ goed en koe der, om’t de wyn oanhelle, stabyl syld wurde.

Yn de lêste rûte bliek by it finishen it foardiel fan ‘e bakboardslach. In grut tal skippen dy’t oer stjoerboard oer de einstreek woenen, moasten ‘it doarp Eastermar’ foarrang jaan en sa waard in fyfde plak helle.
In boppeslach dus.

De winner wie hjoed de ‘Drie Gebroeders’ fan Arend Wisse de Boer.

IFKS dei 3

   Yn aksje op de Hegemer Mar

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: