Information
Publisearre: 05 augustus 2014 | Kategory: Ea Skûtsjenijs
IFKS ferslach skûtsjesilen

IFKS dei 3: Heech

Krékt net...

DSC07776

It ferskil wie fan 'e kant ôf net te sjen en ferskeidene Ea-supporters sprongen al in gat yn 'e loft om't it derop like dat 'it doarp Eastermar' hjoed de winner wie. Mar... op de lêste fyftich meter moasten skipper Geale Tadema en syn bemanning dochs Arend Wisse de Boer ('De 3 Gebroeders') èn Sikke Heerschop ('Wylde Wytse') foargean litte. Of, sa't Geale yn in fraachpetearke op Omrop Fryslân sei: 'It slagge ús krekt net.'

DSC07785

En dat wylst ús jonges al in moai skoft op it earste plak leinen. Dat behellen se benammen yn it twadde foar-de-wynse rak, want doe dreaunen hja mei in hiel licht sigentsje moai foarby Sikke Heerschop.

De start fan dizze wedstriid op 'e Hegemer Mar wie ek goed, want mei in bytsje wyn sylden de Eastermarders as twadde, achter Sikke Heerschop om de boppeste tonne. Letter kaam der mear wyn en pakte ús doarpsskûtsje it earste plak en like it wis fan 'e deipriis.

DSC07790

Siet juster it fenyn yn 'e start mei diskwalifikaasje as resultaat, no siet it yn 'e finish troch it merakels tûke silen fan de Gerdyksters en Rotterdammers. Wol wurdt mei dit resultaat de rare smaak fan 'e 17 punten fan juster wat minder en sjocht de algemiene klassearring der mei in 6e plak hiel wat better út.

Tekst: Wijbe Postma  

Foto's: Rob Krimpenfort

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!