De twadde wedstriid foar de grutte A ferrûn hiel oars as dy by Hylpen. Dat hie twa oarsaken: a. de wyn en b. de baan. Bleau de wyn juster oan ‘e ein ta om de trije Bft. hinne, hjoed flaude dy yn ‘e rin fan ‘e silerij hyltiten mear ôf. Waard der in dei earder in op-en-delbaan folge, hjoed lei der in Olympyske baan, ‘appelflap-worst-appelflap- worst’, yn ‘e Iselmar. It liket dat ús doarpsskûtsje better út de fuotten kin mei in situaasje as dy fan hjoed.
Mar… eins docht dat de feardichheden fan de Ea-bemanning te koart, want daliks by de start en de earste rûte die al bliken dat hja – lykas ‘t Swarte Wief (Jaap Hofstee/de Tynje) – krekt wat tûker as de Eelkje II (Jeroen de Vos/Heech) har slach keazen by de boppewynse tonne. Gefolch wie dat de skippers Jaap Hofstee en Geale Tadema as nûmer 1 en 2 nei de healwynse tonne sile koenen. Dêr kamen Redbad (Wietse Bandstra/Warkum), Us Heit (Wytse Heerschop/ Rotterdam) en Eeltje Baas (Klaas Kuperus/Makkum) ek noch wol tichtby, mar ûnderweis nei de leechste tonne koenen de ‘wâldpiken’ har plak goed fêsthâlde.
Yn it krúsrak fan ‘e twadde rûte moast it doarp Eastermar de striid oangean mei ‘t Swarte Wief en Redbad. Dat wie in moai gefjocht, wêrby't opfoel dat hja mekoar goed yn ‘e gaten hâlden. Redbad wie dêryn it minst gelokkich en moast de oare beide gean litte. Sa koe ‘t Swarte Wief as earste om de boppetonne hinne mei it doarp Eastermar der flak achter. Yn it foar-de-wynse rek koenen dy beide ‘frij’ sile en bepaalden dêrmei ek har finishplak: ‘t Swarte Wief earst en it doarp Eastermar twad!
De supporters op de Starumer dyktribune wikselen lokwinsken en opstutsen tûmen meielkoar út, want dit is in stik bûter yn ‘e brij. Skipper Geale en syn bemanning koenen har wille om dit resultaat net mei de fans op ‘e wâl diele, want nei de finish waard it skip troch de wedstriidlieding oproppen foar in keuring, dy’t fierder gjin problemen opsmiet.
Mei in ferromme gemoed makket elk him no op foar de striid op ‘e Hegemer Mar.
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze »