Op it ôfblazen fan ‘e IFKS-silerij foar de A-klasse by Hylpen kamen ferskillende reaksjes. De measte wienen it wol iens mei it beslút omdat it om de starttiid hinne spûke op ‘e Iselmar. Oaren mienden dat dy beslissing eins te gau naam waard.
Foar de bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ kaam er lykwols moai op ‘e tiid: hja stienen op ’t punt om it skûtsje los te meitsjen fan it folchskip yn de haven fan Starum en nei ’t wedstriidwetter te farren. “It hoecht net mear”, wie it boadskip op ‘e IFKS-app.
De bemanning hat it skûtsje – nei't de teloarstelling fan it net trochgean fan ‘e wedstriid ferwurke wie – nei syn wykeinlisplak dirigearre en hat noflik in pear bakjes ‘dien’ yn it ûnderdeks ferbliuw oan board fan folchskip ‘De Gulden Belofte’. En dat wie in goed plak want bûtendoar wie ’t wyt fan ’t reinwetter.
Moandei by Starum hoopje op bettere omstannichheden.

IFKS dei 1

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: