Information
Publisearre: 02 augustus 2014 | Kategory: Ea Skûtsjenijs
Hylpen ferslach skûtsjesilen

IFKS dei 1: Hylpen

 De start koe better, mar fierder...

DSC07704

In wier wurd by de earste IFKS-silerij by Hylpen, want troch de drokte by de startline moast skipper Geale Tadema beslute om in ekstra rûntsje te draaien en as fyftjinde te begjinnen.
De earste rûte die al bliken dat der wol gong yn 't skip siet, want it helle daliks al twa plakken yn by de boppeste tonne. Yn it fierdere ferrin kaam ek oan 't ljocht dat it trije kear delheljen en byhelpen fan it túch foar de start fertuten die, want 'it doarp Eastermar' sylde fia in 9e plak as 7e oer de finish.

'It skip rint as in brânwarwein', wist Geale te melden. Fanwege it waar, der kaam fan 'e kant fan Starum in loft as in brijwein opsetten, koarte de organisaasje de wedstriid yn. Mar, as der noch in rûte syld wie hie ús doarpsskûtsje grif noch ien of twa plakken ynrûn op de foarlizzende skippen.

DSC07708

As winner gie Sikke Heerschop oer de einstreek. Moandeitemiddei wurdt der by Starum syld en dan kin de bemanning fan dizze brânwarwein wer oan 'e bak.

Tekst: Wijbe Postma

Foto's: Rob Krimpenfort

Klik hier voor de fotoreportage gemaakt door Albert Bakker

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!