It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse
Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan dizze silerij yn ‘e Lemsterbaai. De spanning wie fielber by de supporters fan ús doarpsskûtsje. Sy moasten in dikke reinbui trochstean en mei noed oansjen hoe’t it doarp Eastermar by de start klem kaam te sitten tusken in grut tal oare skûtsjes. Mei as gefolch in ekstra rûntsje om in protest tsjin har foar te kommen. En doe moasten de fans konstatearje dat de Ea as lêste by de boppetonne kaam...
Wat dêrnei op ‘t wedstriidwetter barde, wie eins wûnderbaarlik. Yn it rek nei de lege tonne sylde skipper Geale rom om de oare skippen hinne, sadat er gjin hinder hie fan har ‘útskiten wyn’ . By dy ûnderwynse tonne rekke de Ora et Labora fêst oan dy tonne en sleepte him ûnbedoeld yn in – foar ús ploech – geunstiger posysje. Geale tocht: ‘Tige tank’, en pripte syn skip mei gong troch de ûnstiene romte. Mei dy aksje skeat it doarp Eastermar fan plak 16 nei 9!
Soks wie noch nea fertoand en it pikefel stie dan ek by de Eastermarder oanhang op ‘e earms. Wa doart no noch te bewearen dat der by it skûtsjesilen gjin sensaasje te belibjen is?
Dêrnei wie der mear romte foar ús ploech om noch in pear skippen yn te heljen en úteinlik kaam it doarp Eastermar as 6e oer de einstreek. Dit knappe resultaat feroare neat oan it 11e plak yn it algemien klassemint. Mar dy posysje betsjut lykwols wol dat Eastermar him hanthavenet yn ‘e grutte A-klasse. De kampioen dit jier is Sikke Heerschop mei it skûtsje Ingelskman.
De Ea krekt foar de hoasbui op Lemmer
Ea fananaten hawwe de stân op papier om sa it firtuele klassemint op elts stuit útrekkenje te kinnen
-
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2023
Skûtsje Ea weer klaar voor de winter
Zaterdag 28 oktober was het weer tijd voor de jaarlijkse mastwisseling. De wedstrijdmast er af en ond... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2023
Cheque Rabo Clubsupport foar SIES
Tige tank dat jimme op ús stimd hawwe! Bestjoer SIES Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »