Om healwei fiven sneintemiddei lei it doarpsskûtsje oan op ‘e brêge-ein: de thúshaven. In part fan de bemanning soarge derfoar dat de boel der kreas en oprêden by kaam te lizzen. Hja waarden mei in ‘wolkom thús’ troch in groepke doarpsgenoaten en it bestjoer fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje ûntfongen. Gjin toeters en bellen by dizze ynkomst, want der is ôfpraat dat der allinnich mar feestlikheden hâlden wurde as it doarp Eastermar yn it algemien IFKS-klassemint in poadiumplak behelle hat.
Op it terras by Ytkafee ’t Breed wie plak frijhâlden foar it Neipetear, de ôfslutende byienkomst foar bestjoer, skûtsje-eigenaren en bemanning. It waard in gesellige gearsit mei ûnderling al-of-net sterke ferhalen oer de ôfrûne silerij. Bestjoersfoarsitter Wijbe Postma spruts yn syn neiswylferhaal oer de kwaliteiten fan bemanning en skipper. Ek hie er wurdearjende wurden foar de minsken dy’t de gong fan saken op ’t folchskip De Gulden Belofte goed ferrinne lieten. Skipper Geale Tadema folde dêrby oan dat hy ek bliid wie mei de wize wêrop ’t de bemanning him ynset hie. Hy joech ek oan dat it te fernimmen wie dat der yn de twa koroanajierren net syld wurde koe en dêrtroch – én troch wat wikselingen yn de gearstalling fan ‘e bemanning – it ritme wer oppakt wurde moast.
De hiele bemanning krige fan it stiftingsbestjoer in Grutte Pier-bierpakket om, sa wie de útlis, alfêst fertroud te reitsjen mei it ôfdopjen fan Grutte Pier, want dat skûtsje wurdt miskien nochris in tsjinstanner.
It is net sa dat skûtsje en bemanning no al yn ‘e wintersliep kinne, want kommend wykein spilet it skip noch in rol by it Easterbarren. Ek wurdt der noch syld mei jeugd en donateurs op freed 9 sept. oankommend. Fierder moatte hja har noch ynsette foar de Friese Hoek-silerij (Lemmer 1 okt.), de IFKS-Slotwedstriid (8 okt.) en de Roekoepollerace (Snitser Mar 15 en 16 okt.).
-
- Informatie
- 27 november 2023
Winterferljochting skûtsje Ea hinget wer
De Winterferljochting hinget wer yn de mêst. Foto's: Henk de Leeuw Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2023
Skûtsje Ea weer klaar voor de winter
Zaterdag 28 oktober was het weer tijd voor de jaarlijkse mastwisseling. De wedstrijdmast er af en ond... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2023
Cheque Rabo Clubsupport foar SIES
Tige tank dat jimme op ús stimd hawwe! Bestjoer SIES Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 02 december 2023
Eastermar is...
...in twadde doarpsskûtsje: de Broekophâlder. Fierder lêze »