De dei foar de iepeningswedstriid op ‘e Iselmar by Hylpen seagen skipper Geale Tadema en syn broer Douwe op Omrop Fryslân foarút op dizze start. Hja hopen dat, krekt as yn 2018 doe’t it doarp Eastermar kampioen waard, ‘alles op syn plak falle soe’ en seinen dat se alle betrouwen yn de skûtsjebemanning hienen.
Dat lêste wie folslein terjochte want op dat romme wetter krigen se it klear om yn it earste part fan ‘e wedstriid it skip as de brânwacht rinne te litten. Hja sylden yn de twadde rûte fan it 10-de plak nei it 4-de. Mei wat mear gelok siet der doe sels in twadde plak yn. Lykwols foel net alles op syn plak yn it fierdere ferrin fan ‘e wedstriid, want de wyn – it waaide in romme 3 Bft – begûn te skiften en soarge derfoar dat de konkurrinsje op in oar part fan it wedstriidwetter dy wyn better ‘pakte’. Sa sylde ús doarpsskûtsje ‘achterút’ nei plak 7 en finishte as 12-de.
De winner waard Ora et Labora fan promovendus Sietse Broersma (Heech) en in oare promovendus, Pieter-Jilles Tjoelker mei de Sterke Jerke (Earnewâld), waard twadde. Foar de gasten op it folchskip De Gulden Belofte en de supporters op de dyk wat teloarstellend, mar ien fan de Ea-bemanningsleden bleau optimistysk en sei: “Lit ús dit mar beskôgje as ‘aftrek slechtste resultaat’.
Moed hâlde dus.
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 september 2023
Donateurzeilen Eastermarder skûtsje
Het Stichtingsbestuur en eigenaren van het Eastermarder skûtsje bieden hun donateurs de gelegenheid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 september 2023
Oproep voor Rabo Clubsupport door SIES
-
- Informatie
- 29 augustus 2023
Neipetear IFKS-wike 2023
De spannende IFKS-skûtsjewike waard troch Team Eastermar yn Restaurant de Wallenberg gesellich ôfslu... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 augustus 2023
IFKS 2023 dei 7: Lemmer 2
It Ea-skûtsje hanthavenet him yn ‘e grutte A-klasse Der hong wol hiel wat ôf fan it deiresultaat fan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2023
IFKS 2023 dei 6: Lemmer 1
Bysûnder, bysûnder, bysûnder It wie in hiel aparte gong fan saken hjoed yn ‘e Lemsterbaai. De oankun... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze »