De finaledei fan ‘e IFKS-wike 2019 wie foar silers en publyk tige spannend. Der wiene 4 kânshawwers foar it kampioenskip. Spitigernôch siet ús doarpsskûtsje dêr net by, mar as de lêzer tinke soe dat skipper Geale en syn bemanning de holle yn ‘e skerte leine, no way! Sy wiene belutsen by de striid om it 2-de en 3-de plak foar de deiklassearring fan dizze middei. En striid wie der! Net allinnich yn ‘e foarein fan it fjild, mar ek yn ‘e midden, want dêr gie it tusken de 2019-titelkandidaten. It wie spannend oant de lêste minút.
De start en it earste krúsrak wiene foar it doarp Eastermar dit kear prima: achter De Goede Verwachting (Walter de Vries) kaam de Ea as twadde om de boppetonne.
Dy posysje waard fêsthâlden oant yn ‘e twadde rûte de boppetonne krekt net besyld wurde koe. Dêr profitearren Waaksdom (Ulbe Zwaga) en Zes Gebroeders (Klaas Kuperus) fan. Sy sylden Geale foarby en sa kaam ús skûtsje op in 4-de plak telâne. Nei de ûnderwynse tonne waard Klaas Kuperus wer ynhelle. Doe ûntstie der in prachtich duel mei skipper Ulbe om it twadde plak. Twa folsleine rûtes fan ‘e olympyske baan koe ús ploech Waaksdom achter him hâlde. Yn ‘e foarlêste rûte sylde de betûfte Zwaga dochs in krekt wat tûkere slach en liet er de Eastermarders de kont fan syn skûtsje sjen. Sa bleau it oant de finish en einige it doarp Eastermar as 3-de achter winner De Goede Verwachting en nû. 2 Waaksdom. Mar wat in prachtige silerij hjoed, mei in poadiumplak foar ús doarpsskûtsje. Hulde!
De striid tusken de kampioenskandidaten wie like spektakulêr. Spitich foar Jonge Jasper (Froukje Osinga) dat dy fuort yn it begjin alhiel yn ‘e achterein rekke en dêrmei de titelkâns yn reek opgean seach. Doe gie it tusken Eelkje II (Jeroen de Vos) en Wylde Wytse (Sikke Heerschop) en Jeroen bleau yn ‘e wedstriid deun by Sikke. Dy taktyk levere foar Eelkje II it kampioenskip 2019 op. It tredde plak fan dizze middei soarge derfoar dat it doarp Eastermar yn it einklassemint op in 5-de plak terjochte kaam. Proficiat!
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 november 2021
Doarpsskûtsje: pitten en wyn
De tsjustere dagen foar en nei Kryst wurde wer wat ferljochte troch it oansjen fan ‘it doarp Easterm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2021
Skûtsje Ea winterklear
Wat de silerij oangiet, in meager seizoen: mar trije wedstriiddagen t.w. Friese Hoek, Slotwedstriid... Fierder lêze » -
- Informatie
- 20 oktober 2021
'It doarp Eastermar' keurig 3e bij Roekoepolle Race
Sneek – Afgelopen weekend werd de Roekoepolle Race gezeild op de Snitser Mar en de Goaiingarypster P... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 oktober 2021
'it doarp Eastermar' wint slotwedstrijd IFKS
de Fluessen - Niet op de Hegemer Mar maar op de Fluessen werd dit jaar de slotwedstrijd van de IFKS... Fierder lêze » -
- Informatie
- 04 oktober 2021
Stifting It Eastermarder Skûtsje doet mee aan RaboClubSupport
De opbrengst is bestemd voor de aanschaf van een nieuwe fok. Leden van de Rabobank kunnen op ons ste... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 maart 2022
Zeilseizoen 2022 'it doarp Eastermar' officieel begonnen
Afgelopen weekend hebben bemanning en stichting van it doarp Eastermar het zeilseizoen 2022 afgetrap... Fierder lêze »