Fan in goed begjin en in daalder…
Foar de Ea-skûtsjefans op ‘e Mardykswâl oan ‘e Fluezen seach de start fan it doarp Eastermar der net sa bêst út. Dochs wie it in bewuste kar fan skipper Geale Tadema om ‘frij’ út de start te kommen. Sa koe it doarpsskûtsje syn eigen slach kieze yn it earste krúsrak nei de boppeste tonne. De soarch by de supporters feroare yn bewûndering foar dizze taktyske set en sloech alhielendal om nei eufory doe’t de Ea as earste oer de finish kaam.
Der stie in stive súdwester oer de mar en de krêft dêrfan siet yn ‘e seis Bft. It wie foar de hiele bemanning dan ek bealgjen om it skûtsje goed rinne te litten. Dat dy muoite net om ‘e nocht wie die daliks al bliken, want as lêste skûtsje oer de startline en nei datselde earste krúsrak as twadde by de boppeste tonne oankomme, mei dochs wol in prestaasje neamd wurde. Yn it neipetear op radio en tv wie de skipper dan ek fol lof oer de ynset fan syn bemanning.
By dyselde boppeste tonne en de ‘spreader’ – de wedstriidlieding hie keazen foar in op-en-del-baan – wie der noch in akkefytsje mei ’t Swarte Wief fan Jaap Hofstee. Dy siet mis by in bakboard-stjoerboardsituaasje en Geale waard sá hindere dat er de protestflagge luts. Fuort dêrnei rekke ’t Swarte Wief mei de gyk de tonne en moast in strafrûntsje draaie. Sadwaande kaam it doarp Eastermar op ’t earste plak te lizzen en stie dy posysje net mear ôf. De protestflagge waard doe ek mar yn ‘e roef opburgen.
Mei dizze oerwinning en de resultaten fan ‘e lêste twa wedstriden fan foarich jier skoare ús mannen én froulju in hattrick. Trije kear earst is in resultaat dat besjen lije kin. En as je dit sa lêze dan wurde je der suver oars fan:
De Earste wedstriid by Ealahuzen en dan in Earste plak foar Eastermar!
-
-
- Informatie
- 06 maart 2024
Skûtsjejûn SIES 2024
De Skûtsjejûn waard goed besocht, de seal yn't Breed siet fol. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 februari 2024
Winterferljochting skûtsje Ea wer opburgen
Wy wienen dit jier wat letter, mar de winterferljochting leit wer yn de 'simmeropslach'. Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 januari 2024
Nijjiersgearkomste SIES
Freedtejûn 19 jannewaris hienen wy in tige slagge nijjiersgearkomste foar bestjoer, bemanning en oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 december 2023
Nieuwe sponsor voor Stifting it Eastermarder Skûtsje
Wij verwelkomen Movere Media als nieuwe sponsor! Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 december 2023
Skûtsjewijnactie 2023
Hoewel inflatie, grondstofprijzen en kosten voor materiaal de afgelopen jaren almaar toenamen, heeft... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder
De Broekophâlders nodigen u van harte uit voor de doop van het skûtsje op 21 april a.s om 14.00 uur!... Fierder lêze »