Yn it earste wykein fan ‘e maaiefakânsje, dit jier 22/23 april, is it skûtsjesylseizoen by Langwar iepene. In start dêr’t de dielnimmers – ek ‘it doarp Eastermar’ wie fan de partij – mei mingde gefoelens oan weromtinke sille. Ien fan ús bemanningsleden sloech oerboard, in pear opfarrenden fan oare skûtsjes moasten nei ’t sikehûs, ien skûtsje tearde de saterdeis om en koe troch oprûne skea op snein net starte, twa skippen fleagen tsjin mekoar op en ek ús doarpsskûtsje hie averij: in skuor yn ‘e gaffel. In skealike saterdei dus. 

Wat it ferrin fan ‘e wedstriden oangiet is it folgjende te melden: foar ús ploech ferrûn de saterdeitemoarnwedstriid net min: in fyfte plak yn in fjild fan 22 skippen. De middeiswedstriid pakte lykwols minder út: útsluting ofwol diskwalifikaasje! Wêrom? Eins wit net ien fan ús bemanning dat te fertellen. Neffens de ‘umpire’ (de IFKS-skiedsrjochter op it wedstriidwetter) soe ‘it doarp Eastermar’ in tonne rekke ha, mar nimmen – op dy ‘umpire’ nei – hat dat sjoen... Dit feit makke safolle adrenaline los dat de damp út de Eastermarder earen kaam. Namstemear omdat in twadde (!) plak besyld wie. 

Troch it goede resultaat fan de earste wedstriid koe skipper Geale dochs noch yn ‘e ‘grutte’ finale op sneintemiddei meidwaan. Wylst hie bemanningslid Jan Nijhuis de gaffel repareard en koe it om 14.00 oere oangean. Nei de start waard de boppeste tonne as alfte rûne. Der waard fearn yn in Olympyske baan (‘appelflap-worst-appelflap-worst- appelflap’) en ús doarpsskûtsje fear yn ‘e folgjende rûtes fan dit alfte plak nei it achtste, sechde, fyfte en gie úteinlik as fjirde oer de einstreek. Dat is nochris ‘foarútsilen’! 

Hoe’t de krekte einklassearring fan dit earste wedstriidwykein der útsjocht is op it stuit fan skriuwen net bekend. Mar mei sa’n sneinsresultaat is de fiif oeren duorjende weromreis fan ús bemanning net dreech: dy komt tefreden yn Eastermar werom.

skutsjeheeg

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: