'Ea' toant progresje. Op 'e Iselmar by Starum, foar sylsaakkundigen hyt it dêr 'de see', hat ús doarpsskûtsje in knap tredde plak besyld. In poadiumplak dus! Dit resultaat jout moed foar de rest fan 'e wike en de oanwêzige supporters - der wienen sa'n tweintich doarpsgenoaten nei de súdwesthoeke reizge - beantwurden entûsjast de groet fan 'e lânsfarrende skûtsjebemanning mei applaus en flachfertoan. De start fan 'it doarp Eastermar' wie prima dizze moarn: it skip kaam as earste by de boppeste tonne en koe dy kopposysje in grut part fan 'e earste rûte fêsthâlde.
IMG_0028

Yn it twadde rak nei de boppeste tonne, der waard wer in Olympyske baan fearn, sakke de wyn wat ôf en dat wierre Sieb Meijer en Sikke Heerschop mei. Dizze beide skippers hienen foardiel by dat wat lichtere waar en hellen Geale Tadema yn. Sa gienen de Eastermarders as tredde de twadde rûte yn en op dat plak waarden hja ek ôfsketten.
IMG_0013De lichte teloarstelling by de supporters oer it ferlies fan dat earste plak wie al gau fergetten doe't de mem fan bemanningslid Ale Brouwer oankundige, dat hja by it beheljen fan in earste plak mei klean en al te wetter gean soe. Lit sa'n tasizzing in ekstra stimulâns wêze foar de bemanning én foar oare doarpsgenoaten om de wedstriden by te wenjen. Wy wolle allegearre wolris sjen hoe't Greetje kopke ûnder giet...

Wijbe Postma

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: