It wie in bysûndere dei foar it Eastermarder skûtsje. Op de Iselmar by Starum waard de twadde dei syld: in soad sinne, kloften minsken op de dyk en in prachtwyn.

Us skûtsje hie in moaie start en kaam as fjirde by de boppenste tonne. Yn it gewraksel fûn, sa like it, elts syn plakje en de Ea koe efter de Zeldenrust en de Poep fan Jelle Talsma ek noch opskowe nei it tredde plak. Dizze folchoarder bleau ek sa oan de finish ta: alle oanfallen fan bygelyks Sybo Sijsling waarden ôfslein. De Ea rûn hurd en heech. De minsken op de dyk wienen hielendal gek fan freugde en de bemanning stie te springen op it dek. Ien fan de doelstellingen wie dus al helle: foar de earste kear op it poadium.

tredde oer de streek

Mar doe die bliken dat Henk Regts in protest tsjin ús hie foar in situaasje by de earste tonne. Geale en Douwe wienen fol fertrouwen: der wie ommers neat bard. Mar by de protestkommisje die bliken dat oan it wurd fan Henk blykber mear gewicht jûn waard as oan dat fan Geale en Douwe. It protest waard ta ferbjustering fan de Tadema's tawiisd en dêrmei 17 ynstee fan 3 punten foar Eastermar. Gjin twadde yn it klassemint mar ûnderin. Op Omrop Fryslân wie Geale dúdlik: "Ik hâld fan wyn en wetter mar net fan dizze leagens by de kommisje."

Mar 't is net oars. Moarn by Heech wer oan de bak. Want it skip en de bemanning ha wol sjen litten dat der in soad gong yn sit.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: