De foto's sprekke hast foar harsels, it skûtsje fan Eastermar is middentroch.
Dit is foarige wike bard, nei dat in kommisje fan de IFKS it skip opmetten hat.
De kommende seis wiken sil der op de werf fan Delmar Los hurd wurke wurde om der wer in skûtsje mei in moaie line fan te meitsjen.
Eksperts binne och sa posityf oer de foarm fan de romp. It koe wolris in fluch skip wêze, benammen omdat it in relatyf licht skip is mar mei de ferhâldingen fan in grut skip. Ek de IFKS, dêr't it skûtsje no offisjeel ynskreaun is, is optimistysk.

skûtsje op transport
Yn twa helten nei de werf

Kommende wiken sil it skip nije dekspanten krije en ferlinge wurde nei 19,69 meter. Dan sil de foarm, dy 't no der wat út is troch it gebrek oan spanten, der wer hielendal yn komme. In roefke is der ek al, oernommen fan Earnewâld.
Nei dizze faze sil it skip nei de straler en dan komt de plamuer- en fervefaze.
Al mei al leit de restauraasje fan 'it Doarp Eastermar' perfekt op skema.

Aardich om te witten is dat der ek saken oer de histoary fan it skip boppe wetter komme. Hoewol 't foar de famylje Tadema op dit stuit de tiid ûntbrekt om it allegear út te sykjen, is no al wis dat Inne Winia, de earste eigner en skipper, foar de oarloch prizen wûn hat mei dit skip.

Image

Image

Image

Image

Image

 

 

 

 

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: