Ferline wike freed waard dúdlik dat ús skûtsje ‘it doarp Eastermar’ dielnimt oan de Fryske Olympiade. Dit sportbarren dat de tradisjoneel Fryske sporten keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen ferieniget, fynt saterdei 15 juny plak by en op it Djippe Gat – ek wol bekend as de Wide Ie – oan ‘e westkant fan Burgum.
Yn de freedsútstjoering op 31 maaie fan ‘Hjoed’ op Omrop Fryslân kaam skipper Geale Tadema oan ’t wurd en sei dat er sin hie oan de wedstriid mei sân oare skûtsjes. Dat binne de SKS-skûtsjes Grou, Earnewâld, Drachten en D’ Halve Maen (ek Drachten).
Fanút de IFKS dogge Lytse Earnewâldster, Jonge Rein, Raerder Roek en dus it Eastermarder skûtsje mei.
It is fansels prachtich dat ús doarp op dizze wize de oandacht op him festiget.
It soe fansels hielendal super wêze as der in soad supporters de bemanning stipet by it beheljen fan in goed resultaat yn dizze earste Fryske Olympiade.
Yn in earder artikel op ús doarpsside kinne jim der mear oer lêze.
-
- Informatie
- 23 mei 2023
Ea-skûtsje hat drege seizoenstart
It skûtsjesylevenemint Lemmer Ahoy dat it ôfrûne himelfeartswykein hâlden waard, makke de bemanning... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 mei 2023
Eerste training skûtsje Ea 2023
Afgelopen weekend was er een training op de Burgumer Mar. De eerste training van een hopelijk mooi s... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 april 2023
Ea skûtsje wurdt sylklear makke, diel 2
De puntsjes op de i, it skûtsje is klear foar it seizoen 2023! Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2023
Ea skûtsje wurdt sylklear makke
Nei de winterstop leit ús doarpsskûtsje foar de wâl oan de Snakkerbuorren en wurdt it skip sylklear... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Nieuwe sponsors Eastermarder skûtsje
Stifting 'it Eastermarder Skûtsje' is erg blij met de komst van een aantal nieuwe sponsors! Age Terp... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 maart 2023
Verslag van de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed
Vrijdag 10 maart was de Ea skûtsjejûn in Eetcafé 't Breed. Ondanks de hevige sneeuwval was er een goe... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 mei 2023
Ea-skûtsje hat drege seizoenstart
It skûtsjesylevenemint Lemmer Ahoy dat it ôfrûne himelfeartswykein hâlden waard, makke de bemanning... Fierder lêze »