Information
Publisearre: 06 augustus 2014 | Kategory: Ea Skûtsjenijs
IFKS ferslach skûtsjesilen

IFKS dei 4: Sleat

Deiwinner

DSC07837

Wisten de Ea-oanhingers juster net oft Eastermar no wol of net earste wie, hjoed koe sels in bline mol it sjen: 'it doarp Eastermar' kaam mei trije skipslingten foarsprong as earste oer de einstreek. Douwe Tadema torpedearre mei in sprong fan blidens óér it helmhout syn skipper/broer op it achterdek. De oare bemanningsleden foelen mekoar ek om 'e nekke út klearebare entûsjasme. De flaggen kinne yn top. FEEST!

De basis foar dit geweldige resultaat lei skipper Geale Tadema eins al in bytsje yn 'e earste rûte, want mei in lange stjoerboardslach oer de mar kaam ús doarpskûtsje as 6e om de boppeste tonne. Mar yn 'e twadde rûte makken de Eastermarders hiel handich gebrûk fan de striid dy't trije foarlizzende skûtsjes mei mekoar útfochten yn 't foar-de-wynse rak. Dy trije sylden mekoar sadanich yn 'e fernieling dat ús jonges en famkes by de ûnderste tonne it earste plak berikten foar 'De Jonge Jan' fan Jelle Talsma. Dy posysje liet Geale net mear los, sterker noch: foar Jelle waarden de letterkes fan it nammebuordsje op de kont fan ús skûtsje hieltiten lytser... De foarsprong fan 'it doarp Eastermar' rûn fan 20 sekonden út nei 40!

DSC07868

By de oare skûtsjes barde fan alles: trije skippen rekken de tonne (strafrûntsjes!); by Tony Brundel sloech in man oer board en de EHBO-boat moast in bemanningslid mei hertritmeproblemen fan 'De Jonge Jan' helje. Ditsoarte ûngemakken bleaunen 'it doarp Eastermar' gelokkich besparre en dus koenen de Fryske flagge én de doarpsflagge oan 'e fokkeloet en hysje mar.

De deiwinner fan 'e grutte A-klasse mei jûn it stêdskanon fan Sleat ôfsjitte. Dus Geale: KNALLE!

DSC07868

Ineke, jelly, Jildau en Sees zorgen iedere dag voor de catering

 DSC07834

Traditioneel kanonschieten voor de winnaar

DSC07882

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!