De trije stazjêres fan it 'Friesland College' binne dizze en de kommende wike dwaande mei it ynbouwen fan de roefbetimmering fan it skûtsje. Under lieding fan Meye van der Ploeg (boubedriuw Swart) wurde de bewurke doarkes, kastkes en skoarstienmantel soarchfâldich ynboud en ôftimmere. Dêrnei is it oan it fervjen ta.

Image

Image

 

Wilens is ek it trainen fan de bemanning úteinset. Alle freedtejûnen wurdt der op de Burgumer Mar syld en sa sil de bemanning hiel wat better tarêt wêze op de IFKS wedstriden. Foarich jier wie it skûtsje krekt op 'e tiid klear, oefenjen wie doe gjin tiid mear foar...

(foto's Koen Tadema)

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: