Wylst de fanfare fan muzykferiening 'De Lofstem' (Sumar) 'You never walk alone' spile kaam it IFKS-kampioensskûtsje it doarp Eastermar oan yn 'e thúshaven. De bemanning en oanhing wienen yn Burgum oan board stapt, de Burgumer Mar oerfearn en krigen in feestlike ûntfangst op De Komerk yn Eastermar. In moaie kloft minsken woenen de thúskomst fan de kampioenen net misse. Under de klanken fan it Frysk folksliet en mei grut applaus stapten de bemanningsleden oan wâl.

Yn syn wolkomstwurd lei de foarsitter fan 'e Stifting It Eastermarder Skûtsje, Wijbe Postma, de klam op de geweldige tiimgeast by skipper en bemanning fan ús doarpsskûtsje. "Wy hienen dit tefoaren net foar mooglik hâlden en dochs ha jim dizze geweldige prestaasje levere: Proficiat!" Ek loko-boargemaster/wethâlder Gelbrich Hoekstra spruts har bewûndering út oer it beheljen fan it kampioenskip yn de A-klasse IFKS. Sy hie in dei mei west op it folchskip en foaral de gemoedlikheid keppele oan in grut taakbewustwêzen hie yndruk op har makke.
Skipper Geale Tadema lei út dat de grutskens foar syn bemanning en it behelle resultaat te tankjen wienen oan de professjonele ynstelling fan 'e ploech. In spesjaal wurd fan tank hie er foar syn âlden. De rom 300 oanwêzigen beleannen syn emosjonele taspraak mei applaus.

Nei dizze offisjele mominten op 'e wâl fan 'e Lits setten bemanning mei oanhing, stiftingsbestjoer en oare belangstellenden nei it doarpsplein om dêr by Herbergh De Parel en Ytkafee 't Breed it kampioenskip te fieren. It muzikale duo Pieter en Michiel makken in feestlike ôfsluting fan in, foar Eastermar reusachtich slagge, IFKS-wike kompleet.

Kampioensploech

Besjoch it byldferslach, makke troch Klaas Jansma.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe