Goeie start, in strakke bakboardslach nei de polderdyk, doe oer stjoerboard op ‘e boppetonne ta en dêr gie it doarp Eastermar (Geale Tadema) as earste omhinne. Bingo! Dat waard ‘een goede bingo’ troch it feit dat neiste konkurrint Wylde Wytse (Sikke Heerschop) in fout makke en in strafrûntsje draaie moast. Us doarpsskûtsje lei foar, liet dy posysje net mear los en finishte as kampioen A-klasse 2018.

De supporters op ‘e Lemster dyk koenen har gelok net op en bleaunen dêr stean yn in dikke reinbui mei pûsters fan 6 Bft. oant de bemanning lânsfear om in salút oan ‘e trochsetters te bringen en om it applaus en de mûnlinge byfal te ûntfangen. De Ea-fans klapten de hannen read en lieten de doarpsflaggen wapperje foar dizze weardige kampioen.
Weardich: in net te berongjen en osa terjochte kampioen. Gean mar nei: twa kear in deipriis, in kear in twadde plak, twa kear fyfde en as minste wedstriid in seisde plak – wat dus ôflutsen wurde mocht yn ‘e einklassearring – en yn ’t einklassemint in foarsprong fan 8,1 punt op de nûmer twa. Super!

En as de kampioen dan de ‘kom’ fan Lemmer ynfart mei al dat folk op ‘e kant, it dweilorkest op ’t foardek en de skipper mei syn bemanning, harren partners en bern, famylje en kunde op lûken en achterdek, dan is dat in pikefelmomint. Dêr komme dan alle lokwinsken en kompliminten oer de konstante en sterke wize fan silen oerhinne en de dei kin net mear stikken.
Dêrom fertsjinje de mannen en froulju dy’t ús dizze prachtige wike ferskaft ha moarn in hertferwaarmjend wolkom op De Komerk.    

Kampioensploech

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe