De striid om it fokhyskampioenskip fan Eastermar foar manlju en froulju wie noch nea sa spannend. Wylst it diskemerkfolk genoat fan in rom ferskaat oan saken om te besjen, oan te skaffen of te priuwen, wrotten rom 100 dielnimmers har yn 't swit op 'e Lytse Tije Tol. Dêr stie ek dit jier wer de trijepoat fan 'e Stifting It Eastermarder Skûtsje foar de lûklustigen dy't de titel fan fokhyskampioen 2014 ynhelje woenen. Yn dy striid waard in berop dien op har krêft, koördinaasje en technyk.

By de froulju spitste de kamp om it earste plak him ta op resultaten fan de dames Anouk Talens (6,02 sek.) en Sjoerdtsje de Graaf (6,35 sek.). Mei in tiid fan 5,72 sekonde by har lêste poging luts Sjoerdtsje úteinlik oan 'e langste ein. Hja fertsjinne der, neist de wikselbeker, ek in ballonfeart mei. Lokwinske!

By de manlju wie de striid noch wol sa spannend want dêr gie it tusken Michel van Holsteyn en Johan Snip. Michel sette de toan mei in tiid fan 3,89 sek., Johan dûkte derûnder mei 3,62. Dat liet Michel net op him sitte en skoarde 3,31. Uteinlik waard Johan dochs de kampioen mei it flitsende resultaat fan 3,13 sek. Hy kin de beker dus ek in jier thús te pronk sette en mei de loft yn: profisiat!

De organisaasje fan dit kampioenskip wol tanksizze oan de fam. Van Holsteyn foar de gastfrijens en it brûken fan hiem en oprit. Moai dat soks altiten mar wer kin.

WP 20140628 15 18 40 Pro
De winnares by de froulju: Sjoerdtje de Graaf.

WP 20140628 15 56 21 Pro
De winner by de manlju: Johan Snip.

 Hjirûnder in ympresje fan dizze prachtige dei.

DSC07375DSC07372DSC07345DSC07339DSC07336DSC07385

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe