Ea in winner! 

De tekst op ‘e T-shirts fan ús skûtsjebemanning is hjoed werklikheid: it skip mei it seilteken ‘Ea’ yn it grutseil gie as winner troch de finish op ‘e Tsjûkemar by Ychtenbrêge. De meireizge supporters koenen har doarpsflaggen mar wapperje litte doe’t skipper Geale Tadema mei syn bemanning in earerûntsje lâns de entûsjaste stipers makke. Feest! 

Sa’t it fannemoarn betiid like soe it in syldei mei licht waar wurde. Dat ferge wat oanpassingen oan it túch en sjoen it resultaat is dat wakkere bêst útpakt.

Mar net allinnich de kar fan materiaal, ek de startposysje makke wat út. Dy posysje waard beynfloede troch konkurrint Sikke Heerschop fan ‘Wylde Wytse’. It slagge ‘it doarp Eastermar’ om troch in tûke slach nei ûnderen dochs goed frij te silen. Sadwaande kaam ús doarpsskûtsje as earste om de boppeste tonne. ‘Wylde Wytse’ bleau in bedriging foar ús doarpsgenoaten, mar de keazen rûtes fan skipper Geale Tadema pakten alle kearen krekt wat geunstiger út: in bewiis fan wiere stjoermanskeunst. 

Dizze tûke silerij makke dat de Ea úteinlik mei in romme foarsprong op Sikke Heerschop troch de finish gean koe. It resultaat fan dit alles is dat yn it algemien klassemint  ‘it doarp Eastermar’ in twadde plak dielt mei ‘Wylde Wytse’, beide 8,9 punten. Op it earste plak stiet ‘Jonge Jasper’ mei 6,7 punten. It tredde en fjirde plak wurdt ynaam troch resp. ‘Jonge Rein’ (18 pt.) en ‘Lonneke’ (19 pt.). As it Geale en syn bemanning slagget en hâldt Sikke Heerschop (‘Wylde Wytse’), Erik Jonker (‘Jonge Rein’) en Jilles Bandstra (‘Lonneke’) achter har, dan  is in promoasje nei de A-klasse mooglik…

Noch twa wedstriden op ‘e Lemmer en dan witte wy mear.

Wijbe Postma

Mear skûtsje- en Stiftingnijs: