Sponsorjûn Eastermarder skûtsje fol mei aardige aktiviteiten
Freed 24 augustus wie in belangrike dei foar de Stifiting 'It Eastermarder Skûtsje'. Foarsitter Wijbe Postma koe op in gearkomste yn Hotel Meerzigt alle sponsors fan it skûtsje wolkom hjitte. De measte sponsors binne bedriuwen út of om Eastermar hinne. Yn in taspraak oan alle oanwêzigen -de famylje Tadema (de eigners fan it skûtsje), de sponsors en de bemanning fan it skûtsje- fertelde Postma oer syn grutskens, feroarsake troch de optelsom fan ynset, risseltaat en sfear yn de ôfrûne wiken. De wiken dêr 't men op it lêste stuit meidwaan koe oan de IFKS, en, sûnder dat de bemanning oefenje kinnen hie, in twadde plak yn it klassemint fan de C-klasse behelle waard. En dus... promoasje nei de B-klasse.
In fertoand filmke fan it applaus nei de lêste wedstriid op 'e Lemmer, dêr 't it skûtsje as earste oer de finish kaam, brocht by guon minsken de emoasje fan dat geweldige momint wer even werom. Dit filmke sil meidertiid ek op dizze side te sjen wêze.


Sponsorkontrakten
Doel fan dizze jûn wie it tekenjen fan de sponsorkontrakten. Alle bedriuwen dy 't oanwêzich wienen, waarden nei foaren roppen om it kontrakt (de measte foar trije jier) te tekenjen. Haadsponsor Swart wie as earste oan bar en mocht nei it tekenjen in moaie foto fan it skûtsje yn aksje fan it stiftingsbestjoer yn ûntfangst nimme, tegearre mei in flesse 'skûtsjewyn'. Alle oare sponsors krigen ek sa 'n flesse, oanbean troch sponsor 'Baarsma Wine Group Holding '. De wyn hie fansels in spesjaal etiket mei it logo fan it Eastermarder skûtsje.

Image
Haadsponsor, bouwonderneming Swart, tekenet it sponsorkontrakt

 

Image
Ek Hotel Meerzigt is ien fan de sponsors


Patronesse
Ien sponsor krige wat mear omtinken en dat wie Doutzen Kroes. Foarsitter Postma frege Doutzen offisjeel oft sy, neist it sponsorskip, wol patronesse (beschermvrouwe) fan it skûtsje wêze woe. Neffens Postma kin in Eastermarder skûtsje net rjocht sûnder. Nei it spontane antwurd fan Doutzen "Jawis", soarge hja ek noch foar in ferrassing en naam fuortendaliks har taak searieus. Sy bea in beskermhoes foar de fok en de lier oan. Sy hie even mei sylmakkerij Molenaar skille, sa fertelde Doutzen, en it soe hielendal ynoarder komme. Fansels folge der in grut applaus.

Image
Wijbe Postma freget Doutzen of 't sy patronesse wurde wol



Skipper oan it wurd

Dêrnei stie it besjen fan it skûtsje op it program. Sponsors koenen even it skip op, yn it roefke sjen en skipper Geale Tadema joech in taljochting op in tal saken. De skipper, mei neist him syn broer Douwe (adviseur op it skip), kaam noch even werom op de wedstriden en betanke de bemanning nochris foar harren geweldige ynset. De famylje Tadema krige as dank foar de ynspanningen fan de lêste tiid ek aksjefoto's fan it skûtsje as kado fan it Stiftingsbestjoer.

Image
skipper Geale Tadema jout útlis by it skûtsje
Image
De Tadema's krije in aksjefoto fan it bestjoer



Ynformaasjeboerd
As lêste wie dêr de ûntbleating fan it ynformaasjeboerd oer it Eastermarder skûtsje. Hindrik Tadema hie de eare om tegearre mei, it koe hast net oars, Doutzen Kroes it mei in katoenen syl ynpakte boerd te ûntbleatsjen. It boerd stiet oan it begjin fan de E.M. Beimastrjitte en is ek in inisjatyf fan it stiftingsbestjoer. It RABO-fúzjefûns fan de Rabobank Bergum-Oostermeer soarge foar de finansiering en it grafysk ûntwerp en de fotografy kaam fan Studio Staalkaart.
Dêrnei wie it foar de oanwêzigen tiid foar in drankje op it nije terras fan Hotel Meerzigt.

Image
Doutzen Kroes ûntbleatet tegearre mei Hindrik Tadema it ynformaasjeboerd



Donateur wurde

Op strjitfestival it Easterbarren sil in diske stean fan it bestjoer. Besikers fan it festival dy 't donateur wurde wolle, kinne dat hjir dwaan en fierder binne der 'gadgets' te keap: polo's, skûtsjewyn en aksjefoto's. Foar alle dûdlikens, it donateurskip betsjut it finansjeel stypjen fan de Stifting en dy hat wer as taak om te soargjen foar in jierlijks bedrach, ûnder mear bedoeld foar it ûnderhâld fan it skip. Donateur wurde kin ek fia dit formulier.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: