Sagau't Sinteklaas yn it lân is wurde de bemannings- en bestjoersleden fan it Eastermarder skûtsje aktyf mei de wynaksje. In tradysje dy't by de measte Eastermarders wol bekend wêze sil, want it is al foar de fyfde kear. Yn de wike nei Sinteklaas komt men by de streek om de bestelling op te nimmen en in skoftsje letter of fuort dêrnei wurdt de wyn by jo thús besoarge. Oan de prizen is neat feroare: de wyn kostet € 7,50 de flesse - read, wyt of rosee - en in doaske fan seis flessen (mei eventueel twa fan elke soart of in oare kombinaasje) kostet € 40,--.

Omdat deselde wyn fan ferline jier net mear te leverjen wie, stie de stifting  foar de drege opjefte om in oare leveransier mei oare selekte wyn te finen. Gelokkich sitte yn it bestjoer in tal wynkenners en waard der in serieuze priuwerij opset om ta in geskikte kar te kommen. Op professionele wize hawwe dizze 'finologen' de saak oanpakt. De wyn is op kleur, rook, smaak en ôfdronk test. De wyn út de kelders fan it wynhûs Ropiteau, levere troch La Cuvee út Burgum, kaam der as bêste út.

De wynaksjeopbringst is fansels bedoeld foar it Eastermarder skûtsje. Der is benammen ferlet fan in hurde-wyn-fok dus it soe prachtich wêze as de opbringst fan de wyn aansen fertuten dwaan sil by hurde wyn.

Dus minsken, slach in goeie rie net yn 'e wyn
en bestel in flesse of in doaze skûtsjewyn!

Wiene jo net thús of kamen wy net by jo del,
mail dan jo bestelling nei skutsje@eastermar.nl.

eastermarder skûtsjewyn 2011

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: