De kommende dagen sille bestjoersleden en bemanningsleden fan it Eastermarder Skûtsje by de streek del. It is wer tiid foar de jierlikse wynaksje.

It oanbod bliuwt gelyk oan dat fan ferline jier. Trije soarten wyn: read, wyt en rosee. De flessen hawwe fansels wer it 'Eastermarder Skûtsje' etiket.
De prizen binne itselde as foarich jier: € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen (fan elke soart in pear kin ek) foar € 40,-.

Dizze wike wurdt jo bestelling opnaam en yn de wike foar de Kryst wurdt de wyn útsutele.

Gjin 'wynopnimmer' oan 'e doar west? Mail dan de bestelling even nei skutsje@eastermar.nl.

skutsjewyn

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: