It troch de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) organisearre fokhisen op de diskemerk stie wer folop yn ‘e belangstelling. Yn totaal ha rom 50 froulju en manlju in goai nei ’t kampioenskip dien. In 30-tal bern ha ek har spierballen test en dêrfoar in faantsje as beleanning krigen.

De kampioen by de froulju waard Marieke Bron en sy prolongearre dêrmei de titel. By de mannen helle Geale Tadema it kampioenskip binnen. Yn ‘e feesttinte mochten de winners middeis de bekers yn ûnfangst nimme.

Yn ‘e rin fan ‘e dei die bliken dat de rapste tiden by de hearen om de fjouwer sekonden hinne leinen, wylst de dames de fok yn ûngefear seis sekonden nei de top fan ‘e stellaazje skuorden.
De hysopstelling koe in plakje krije op ‘e ‘Lytse’ Teije Tolstrjitte, foar in part op it hiem fan ‘e Famylje van Holsteijn. It gebrûk fan it Van Holsteijnplein fertsjinnet in wurd fan tank.

Net allinnich de fokhiserij frege it omtinken fan ‘e diskemerkbesiter. Der wie ek in libbene hannel yn T-shirts, himdsjes, hoody’s, skûtsjewyn en bumperstickers.

Utslach Fokhiserij:
Kampioen manlju: Geale Tadema (3,56 sek.)
Kampioen froulju: Marieke Bron – Proper (5,97 sek.)

sies fokhisen
Winner Marieke Proper

 DSC4096 10007
Winner Geale Tadema

Mear skûtsje- en Stiftingnijs:
Ek nijsgjirrich: