Skûtsje Nadenker

Freedtemiddei 29 jannewaris hat boargemaster Jeroen Gebben by it doarpsskûtsje de ferlotting ferrjochte fan de Ea-skûtsjekrante. Yn dy krante stie ntl. in puzel, de ‘Skûtsjenadenker’. Der ha 61 lêzers in oplossing ynstjoerd, op ien nei mei de goede oplossing!

De nammen fan dy 60 goede oplossers waarden yn in grutte tromp dien. Yn bywêzen - fansels op de fereaske ôfstân - fan SIES-foarsitter Wijbe Postma, kontrolearjende bestjoersleden Eddy Westra en Henk de Leeuw plus skipper Geale Tadema waard de winner derút helle. Der stie in aardige wyn mar dy krige gelokkich gjin greep op de nammebryfkes fan ‘e puzeloplossers.

Sa koe de boargemaster melde dat de folgjende ynstjoerders as priiswinners út de bus kamen:

  • De 1-ste priis fan € 200,- is foar Jan & Foekje van der Molen;
  • De 2-de priis fan € 50,- foar Sonja Visser;
  • De 3-de priis, in Skûtsjeboek, is wûn troch Fokje Posthumus.

WhatsApp_Image_2021-02-08_at_21.54.02.jpegWhatsApp_Image_2021-02-08_at_21.54.31.jpegWhatsApp_Image_2021-02-08_at_21.55.10.jpegWhatsApp_Image_2021-02-08_at_21.55.33.jpeg

Dizze geloksfûgels krije berjocht of ha dat fan ‘e skûtsjekranteredaksje al krigen.

Lokwinske allegearre út namme fan SIES, skûtsjekrantemeiwurkers, skûtsje-eigenaren en de bemanning fan it doarp Eastermar.

Mear skûtsje- en Stiftingnijs: